Simmerkamp 2 (11 en 12 jier) 23-29 july 2017

STARTDATUM:
23/07/2017
PERIODE:
6 nachten
THEMA:
Bern en jongerein/Frysk

Maand

Juli

SIMMERKAMPEN
foar jonges en famkes

In wike lang mei bern fan har eigen leeftiid trochbringe op it eilân Skylge, dat fine bern geweldich.

Speurtocht yn de bosk, maffe ferhalen fertelle, kampfjoer op it strân, libben stratego yn de dunen, moppen taapje, lol meitsje, jonges tsjin de famkes, dinneapel-race, gekjeie, sjips ite op bêd, de lieding wekker hâlde (ast net pakt wurdst teminsten), kletse, kete en fansels de bûnte jûn.

Op de Folkshegeskoalle Schylgeralân binne der fan’t simmer trije kampen. In entûsjaste ploech lieding makket der in gesellige wike fan. Jou jo bern gau op!

Kamp: jonges en famkes 11 en 12 jier
Kosten € 273,-