Fersterkje dyn skriuwtalint, no mei hege koarting

Fersterkje dyn skriuwtalint, no mei hege koarting

In kreatyf wykein om frisse ideeën op te dwaan

Wolst ferhalen of gedichten skriuwe of dochst dat al, mar hast wol ferlet fan wat stipe en fierdere ûntwikkeling? Dêr is dit wykein foar. Hoe pak ik it oan? Hoe krij ik it better? Faaks hast ferlet fan nije ynspiraasje.
Der wurde tips en oefeningen jûn dêr’t wy de natuer fan Skylge by brûke. Hoe kinst dyn wurk opfrisse, nij libben ynblaze ast tinkst datst yn blokkades of rûtines fêstrinst. Us poëzy- en proazaoefeningen kinne dy dêrby helpe. Lit de Skylger wyn de holle leech blaze en besteegje in wykein oan it fersterkjen fan dyn eigen skriuwerskip mei teory en praktyk yn in ynspirearjende omjouwing.

Piter Boersma is skriuwer en dichter en redakteur fan literêr tydskrift Ensafh.. As útjouwer en redakteur is er belutsen by Utjouwerij Hispel.
Jelma Knol is ek redakteur fan Ensafh. Se hat tweintich jier redakteur Fryske literatuer west by útjouwerij Friese Pers Boekerij.

Priis folpension:
No fan € 230,- foar € 195,- euro op basis fan in twapersoanskeamer  yn de Brêge

Skriuw dy hjir yn