Groepsverblijf – ’t Roefke
Gebouw ’t Roefke is as groepsakkommodaasje geskikt foar skoalreizen en kursussen, foar bedriuwsútstapkes, wurkwiken en foar famylje - en freonegroepen.
Gebouw ’t Roefke is as groepsakkommodaasje geskikt foar skoalreizen en kursussen, foar bedriuwsútstapkes, wurkwiken en foar famylje - en freonegroepen.
Yn groepsferbliuw ’t Roefke op Skylge binne der njonken grutte sliepsealen ek 4, 6 en 8 - persoanskeamers beskikber.
Hjir lade jo op yn in hearlike komfortabele budzjetkeamer op Skylge.
Hjir lade jo op yn in hearlike komfortabele budzjetkeamer op Skylge.
Kom oernachtsje op Skylge yn ús gesellige en ienfâldige apparteminten.
Dit bysûndere ferbliuw is omboud ta in yntime lokaasje foar in kreative fakânsje of foar romantyk foar twa.
Oernachte yn ús komfortabele bunkerkeamers. garandearre in noflik ferbliuw op de Folkshegeskoalle.
Deze kamer is geschikt voor 2 personen.
Deze kamer is geschikt voor 6 personen.
Deze kamer is geschikt voor 8 personen.
Deze kamer is geschikt voor 6 personen.
Deze kamer is geschikt voor 6 personen.
Hjir laad je op yn in hearlike komfortabele romte mei in prachtich útsjoch op it Hoornsebosk.
Hjir laad je op yn in hearlike komfortabele romte mei in hast 360 graden view fan it Hoornsebosk.
Wolst oernachtsje op Skylge? Kies foar in ferbliuw op de unike lokaasje fan de Folkshegeskoalle. De Folkshegeskoalle leit ferstoppe yn de bosken fan Hoarne op de restanten fan bunkers fan de Atlantikwall. De lokaasje is in oaze fan rêst fanút wêr 't de rest fan it eilân ûntdutsen wurde kin. Op it terrein binne tal fan mooglikheden foar in oernachting, fan apparteminten oant smûke keamers.
De Folkshegeskoalle foarmet in sintrum fan moeting, besinning en kultuer op Skylge.
Do bist fan herte wolkom om hjir te genietsjen, middenmank de bosk en flakby it strân.
Oft je no allinnich binne, mei selskip of as ûnderdiel fan in groep, wy biede ferskate ferbliuwsmooglikheden oan: fan smûke boskamers en komfortabele apparteminten oant Studio de Toer en ús groepsakkommodaasjes.
Neist priveeromtes en mooglikheden om te oernachtsjen op Skylge yn in fakânsje of wykein fuort, biede wy romte foar groepen oant 100 persoanen. Ek binne der ferskate sealen foar kursussen, rekreaasje of gearkomsten, dy 't brûkt wurde by kreative en ynspirearjende kursussen en workshops, lykas groeps- en skoalreizen. Us Fryske eftergrûn komt ta utering yn kursussen Fryske taal en kultuer dy 't wy oanbiede.
De Folkshegeskoalle ûnderskiedt him troch har lytsskaligens en mearsidichheid. Us mielen binne smaaklik en wurde makke mei farske yngrediïnten. De akkommodaasjes binne op in freonlike Skandinavyske wize boud op de fûneminten fan eardere bunkers en binne op in prachtige lokaasje tichtby it wrâlderfguod Waadsee. Dêrneist sette wy stappen rjochting in skjinner miljeu, bygelyks troch ús moarnsiten safolle mooglik plestikfrij oan te bieden!
Wolst oernachtsje op Skylge? Wy hjitte dy graach fan herte wolkom op de Folkshegeskoalle. Wolst graach mear ynformaasje oer de ferskillende mooglikheden? Nim dan kontakt mei ús op.