Kreatyf skriuwen op De Folkshegeskoalle

Kreatyf skriuwen op De Folkshegeskoalle

De Folkshegeskoalle organisearret fan 5 oantemei 7 juny in skriuwkursus. In kreatyf wykein om frisse ideeën op te dwaan. Foar elts dy’t ferhalen of gedichten skriuwe wol en al skriuwt, mar wol wat ferlet hat fan wat stipe en fierdere ûntwikkeling. De begeleiding wurdt jûn troch Jelma Knol en Piter Boersma.

De kursuslokaasje is De Folkshegeskoalle Schylgeralân, in unyk plak yn de bosk op Schylge. De twapersoanskeamers hawwe allegear in eigen túndoar mei in sitsje yn de bosk. Fanút de seal dêr’t wurke wurdt, hearre we it rûzjen fan de wyn troch de beammen. In sfearfolle lokaasje dêr’t lekker iten en goeie fersoarging kombinearre wurdt mei in kreative en learsume kursus.