Cursus

Clarity – Persoanlik liederskip, oktober

28 October - 31 October 2020

Kies dyn paad nei mear selskennis, regy en libbensnocht. De betûfte trainster Marije Bijlsma biedt dy mei de Clarity-metoade in praktyske training om de lieding oer dyn eigen libben te nimmen, yn stee fan te farren op dyn automatyske piloat dy’t koers hâldt neffens âlde patroanen.
Do komst yn dizze training yn de kunde mei in tal ienfâldige ynstruminten, do learst te begripen wêr’t dyn patroanen, oannames en driuwfearren wei komme en do werkenst it meganisme dat dy stjoert – en beheint.
De kennis dy’tst op dochst is tapasber op alle gebieten fan dyn libben: dyn wurk, dyn privee en yn dyn relaasjes.

Metoade
Tefreden en bliid wêze, en tagelyk dyn talinten folop brûke, fol betrouwen. Mar hoe dochst dat? Ut myn eigen ûnderfining wit ik dat elkenien dat berikke kin mei de ynstruminten fan Clarity. Clarity is foar my fierwei de rapste en helderste metoade, persoanlik liederskip op in totaal nije wize. Wy sille kreatyf, enerzjyk en feilich oan ‘e slach en sette in wichtige stap yn dyn persoanlike ûntwikkeling.

Bisto ree om op in djipper nivo nei dysels te sjen en dêrmei it risiko te nimmen op in lokkiger libben?
Sjoch op Helderder of mail foar mear ynformaasje nei info@fri-terschelling.nl.
Dizze training op Skylge is op 5 febrewaris en 28 oktober.
Marije Bijlsma fan Fri!
Trainer en coach fan Fri! is Marije Bijlsma-Breeuwsma. Har doel is minsken yn beweging krije fia in direkte en leafdefolle wei. Dêrtroch ûntstiet ynsjoch yn eigen patroanen en wurde tûkelteammen en falkûlen werkend en oanpakt. Marije is rom 30 jier coach en bedriuwsmaatskiplik wurker.
Frij, mei iepen geast, kontakt, spontaan, respektfol, ynsjoch, autentyk, natuer, duorsum, fitaal, ferbining, bewust wurde, humor, leafdefol, krêft, oandacht en fakmanskip.

Fri! Persoonlijke coaching Terschelling