CursusPopulairWeekend

Ferteltrijedaagse = annulearre

23 October - 25 October 2020

Minsken dy’t noch nea ferteld hawwe, wurde op dizze trijedaagse op maat begelaat om de earste stappen te setten om harren in ferhaal eigen te meitsjen en harren eigen fertelstyl te ûntdekken. Minsken mei mear ûnderfining wurde ûnderdompele yn in fertelbad, dêr’t se de temperaminten yn ferkenne en dermei leare te wurkjen yn wurdgebrûk, wize fan bewegen, skeakeljen tusken ferteller en personaazjes. Want hoe dochst dat? Hoe faak krûpst net yn de hûd fan ien of oar personaazje, mei hiele oare karaktereigenskippen as dyn eigen. Hoe kinst ferskillende temperaminten oannimlik meitsje wannear’st skeakelest, sûnder te ferfallen yn mantsjesmakkerij!

Under begelieding fan dosinten mei ferskillende karakters, wurkwizen en skills wurkest oan ferhalen, fragminten en eksperiminten en litst de oare dielnimmers dêr op beskate mominten fan meigenietsje. De Ferteltrijedaagse is der foar elkenien dy’t fertellen leare wol, groeie yn fertelstyl, foar harren dy’t útdagingen oan doare te gean, it eksperimint net mije… koartsein: foar elkenien mei karakter’ dy’t dizze syktocht oandoart. Mar benammen ek foar elkenien dy’t nocht hat oan in moai lang wykein oer ‘fertellen’ yn in karakteristike omjouwing! Wy organisearje dit wykein yn gearwurking mei de Vertelacademie.

Priis op basis fan folpension:
€275,- sliepseal Roefke

Oanmeldformulier