CursusWeekend

Fûgels yn de maitiid

23 April - 25 April 2021

Fûgels yn de maitiid
De maitiid op Skylge is in fassinearjende tiid foar de fûgeler. Oftst no in bedreaun leafhawwer binne of begjinner, der is fan alles te belibjen. Oan it begjin fan de briedtiid sjonge fûgels om harren territoarium ôf te beakenjen.

Yn de bosk de bekende readboarst, tsjiftsjaf en bûnte lyster, yn it dún de sakrekt út Afrika weromkearde gerssjonger mei syn karakteristike snoarjende sang, of it ferneamde lûd fan de geale. Yn de polder hawwe ús greidefûgels it heechste wurd wylst op it waad grutte groepen rosse skriezen en rotguozzen harren klear meitsje foar de reis nei Sibearje. Tegearre mei ús eigen fûgeler Arie Ouwerkerk sykest dat alles op.

Priis folpension, ynklusyf fytshier:
€ 268, – twapersoanskeamer Brege

€ 252,- twapersoanskeamer Roefke
€ 230,- sliepseal Roefke