CursusWeekend

Hjerstwykein Zen

06 November - 09 November 2020

Hjerst-zen
De sfear fan Skylge yn de hjerst… in bysûndere ambiânse om op in yntinsive, mar ek ûntspannen wize djipper yn te gean yn de ûnderfining fan Zen.
Dit Zenwykein is gaadlik foar elk dy’t min of mear bekend is mei Zenmeditaasje. It programma is yntinsyf mar net swier. Elkenien mei ek mar in bytsje ‘sitfleis’ is dus fan herte wolkom.

Troch de dei
Moarns en jûns wurdt der meditearre; de middei is frij om genietsje te kinnen fan de rêst en skientme fan it eilân. Ôfhinklik fan de waarsomstannichheden en fysike kapasiteiten fan de dielnimmers, kinne we ek aktiviteiten ynplanne as meditatyf kuierje nei it Waad of op it strân en faaks noch oare foarmen wêryn’t we ‘gebrûk meitsje kinne’ fan de prachtige natuer om de Folkshegeskoalle hinne.

Dosint
Willem Scheepers is autorisearre Zenlearaar en ek as koördinator ferbûn oan ‘Zentrum’ yn Utert. Sjoch ek www.zentrum.nl

Prizen
Twapersoanskeamer Roefke € 334,- op basis fan folpensjon
Twapersoanskeamer Brêge € 364,- op basis fan folpensjon

De Folkshegeskoalle fan Skylge is de iennige folkshegeskoalle fan Nederlân. Op dit prachtige plak yn de bosk by it strân binne it hiele jier troch ynspirearjende kursussen op it mêd fan besinning, natuer, kultuer en kreativiteit. Dy kursussen binne folslein fersoarge op basis fan folpensjon. -> Sjoch hjir foar it folsleine programma.

Freonen fan de Folkshegeskoalle krije no 5% koarting op ien fan de alsidige kursussen. -> Wurd ek Freon!