CursusHele week

Keunstwike Skylge

26 July - 02 August 2020

Genietsje fan de natuer, in wike fuort, keunst meitsje, minsken moetsje mei deselde ynteresse en ferbliuwe midden yn de natuer!
Nij yn it simmerpropgramma fan Keunstakademy Fryslân, dêr’tst keunst by learst te meitsjen yn ferskate disiplines!

Wat dogge we
De Keunstwike hat in programma, wêrby’t it meitsjen fan keunst en de natuer twa wichtige útgongspunten binne. Der binne lessen yn technyk en fisy én der is romte om sels te wurkjen oan eigen keunst.
We wurkje mei keunstnersmaterialen én mei materialen út de natuer.
Nei in wike fan genietsjen fan de prachtige omkriten, hast in soad leard én yndrukken ferwurke ta keunst.

Dosinten
In seleksje fan dosinten fan Keunstakademy Fryslân fersoarget dit spetterjende alsidige programma:
Mei plenêr keunstdosint Doet Boersma learst om bûten te tekenjen en los en frij te skilderjen (op tongersdeitejûn, freed en sneontemoarn).
Mei byldzjend keunstner/dosint Derk den Boer wurkest yn de natuer, mei materialen dy’tst sels fûn hast. Makkest in skulptuer en makkest Lânskipskeunst (sneintejûn, moandei en tiisdeitemoarn).
Ûnder lieding fan Silke Boersma learst om gessodrukken te ferwurkjen yn in leporello troch mixed media. Silke begeliedt ek it meitsjen fan natuermonoprints: keunstdrukken mei natuerlike materialen (tiisdeitejûn, woansdei en tongersdeitemoarn).

Wykyndieling
Komst sneintejûn foar it jûnsiten oan. Elke moarn en jûn binne de lessen. Middeis kinst kuierje, fytse, it eilân ûntdekke óf sels fierder wurkje oan dyn keunstwurken. Op sneontemiddei wurde de lessen ôfsluten mei in presintaasje fan it wurk datst makke hast. Op sneintemoarn nei it moarnsiten setst wer ôf mei in holle fol ynspiraasje en in tas fol keunst.

Foar mear ynformaasje en opjefte:

www.kunstacademiefriesland.nl