CursusPopulairWeekend

Koarwykein Klassyk

09 April - 11 April 2021

Nije datum: 9-11 april 2021!

In wykein foar koarsjongers dy’t in soad wille belibje oan yntinsyf studearjen, mei as ôfsluting op sneintemiddei in útfiering yn de 12e iuwske tsjerke fan Hoarne. Op it programma stiet dit jier in prachtich wurk fan Franz Schubert: Mirjams Siegegesang foar sopraan solist, koar en piano.
Dêrneist sjongt it koar noch ferskate koarwurken, mei en sûnder begelieding.

De begelieding is yn hannen fan profesjoneel pianist Jan de Roos en de sopraan solist is Willemien Zwart. Dielnimmers ûntfange de blêdmuzyk as tarieding op it koarwykein. Ek wurde oefenbestannen stjoerd mei dêrop de stimpartij. In wykein foar minsken mei koarûnderfining. Op it ynskriuwformulier graach jo stimsoart oanjaan.

Sliepseal Roefke € 230,- op basis fan folpensjon
Twapersoanskeamer Roefke € 250,- op basis fan folpensjon
Twapersoanskeamer Brêge € 270,- op basis fan folpensjon

Oanmeldformulier

De Folkshegeskoalle fan Skylge is de iennige folkshegeskoalle fan Nederlân. Op dit prachtige plak yn de bosk by it strân binne it hiele jier troch ynspirearjende kursussen op it mêd fan besinning, natuer, kultuer en kreativiteit. Dy kursussen binne folslein fersoarge op basis fan folpensjon. -> Sjoch hjir foar it folsleine programma.