CursusWeekend

Kuierje fan East nei West

06 November - 08 November 2020

In kuierwykein troch de natuer fan Skylge. Underfyn it echte hjerstgefoel op in Waadeilân. Under de kuiertochten wurde de úteinen fan it eilân besocht. Op sneon bringt in spesjale strântaksy ús nei de eastpunt, it Amelannergat mei de Koffijbonenplaat dy’t dêr neist leit. Dêr lizze faak seehûnen. Wy rinne oer it strân mei alle seefûgels, fia Cupido’s Polder en de Boschplaat werom nei de Hoarnse bosk. Nei it waarm iten is der in presintaasje oer de natuer fan Skylge it hiele jier rûn.
Op snein rinne wy oer de Noordsvaarder, it meast dynamyske dúngebiet fan Skylge. Wy komme jonge dûntsjes en kwelderfegetaasjes tsjin, miskien sels in ree, en by heech wetter steltrinners. Mar der is ek kâns op groepen kanoeten en tureluurs. De begelieding is yn hannen fan Arie Ouwerkerk.

Priis folpension, ynklusyf bagaazjeferfier op snein:
€ 236,- twapersoanskeamer Brêge,
€ 216,- twapersoanskeamer Roefke,
€ 196,- sliepseal Roefke

Oanmeldformulier