Cursus

Mandala tekenje & Sakrale dûns

03 August - 07 August 2020

Tema: ‘Ik yn myn eigenheid’

Yn de sirkel, yn it Sanskryt Mandala neamd, kinne wy ússels en de oare tekenjend en dûnsjend moetsje. Symbolyk is yn beide foarmen fan grut belang. Sakrale dûns is in meditative foarm fan dûnsjen dêr’t gebrûk makke wurdt fan klassike, religieuze, eigentiidske en folklore muzyk. De oerâlde dûnspatroanen biede ôfwikseljend ynkear en moeting. By it tekenjen besteegje wy oandacht oan de gefoelsmandala.
Dûnsûnderfining is net fereaske, krekt likemin as tekenûnderfining. It giet om de persoanlike belibbing en de reewillichheid om iepen te stean foar de wrâld yn dysels.

Priis folpension:
€ 507,- twapersoanskeamer Brêge

Foar keamers op basis op ienpersoans gebrûk jildt in taslach fan 18 euro per nacht, freegje dernei by jo ynskriuwing.

De Folkshegeskoalle fan Skylge is de iennige folkshegeskoalle fan Nederlân. Op dat prachtige plak yn de bosk by it strân fan Skylge binne it hiele jier troch ynspirearjende kursussen op it mêd fan besinning, natuer, kultuer en kreativiteit. Dy kursussen binne folslein fersoarge op basis fan folpensjon. -> Sjoch hjir foar it folsleine programma.

Ekstra: Freonen fan de Folkshegeskoalle krije no 5% koarting op ien fan de alsidige kursussen. -> Wurd ek Freon!