Kontakt mei de natuer spilet in wichtige rol yn it meditaasjeproses. Yn hoefier kinne we de natuer ûnderfine as meditaasjeleraer? At it waar it talit, sille we moarns foar it brochje nei it strân om dêr de natuer yn iepenheid op ús ôf komme te litten. Neist rin- en sitmeditaasje is der romte foar dhamma foardrachten, petearen, yoga en it sjongen fan mantra’s. Der is ek alle dagen metta-meditaasje. Prikkels fan bûten wurde safolle mooglik beheind. De hiele retrête is dan ek yn stilte.
Alle iten is fegetarysk.
Mear ynformaasje en opjefte: www.pannananda.nl