CursusWeekend

‘De see, de see’ yn Fryske keunst en literatuer

24 May - 26 May 2019

In wykein fol ferhalen, keunst en belibbing op de Folkshegeskoalle Skylge
Rêst, romte, weagen, wyn en strân… De see is in wichtige ynspiraasjeboarne foar de mins. Dat sjogge jo ek werom yn de Fryske literatuer en byldzjende keunst. Yn it temawykein ‘De see, de see’ nimme de Folkshegeskoalle en Tresoar jo mei nei de see yn wurd en byld.
Kester Freriks, skriuwer, Eeltsje Hettinga, dichter fan Fryslân en essayist, Elmar Kuiper, dichter/filmer/muzikant en Tresoar-direkteur Bert Looper jouwe hannen en fuotten oan it tema yn dit wykein-arranzjemint fan 24 oant 26 maaie op Skylge.
Mei de bekende skriuwer Kester Freriks kuierje we troch it lânskip fan it eilân en leare we hoe’t de ferheljende eleminten har oantsjinje.
Bert Looper loadst ús troch it ‘wyntrochwaaid’ gebiet Fryslân en lit ús sjen hoe’t ynearsten foaral de bedrigingen fan de see ûndergien waarden. Fan 1900 ôf ûntstiet der stadichoan in oare hâlding, dêr’t de see in plak fan skientme, refleksje en ûnthaastjen yn wurdt.

Workshops
Dy ûntjouwing yn ús ferhâlding ta de see wjerspegelet him prachtich yn de Fryske literatuer en keunst. Yn lêzingen en foardrachten ferdjipje we ús fierder yn literatuer en keunst. Troch te harkjen en te sjen, mar ek troch de eigen ferbylding sprekke te litten yn de workshops ‘seegedichten’.
Om koart te kriemen: in wykein fol fan kennis, ynspiraasje, keunst en poëzy.

Priis op basis fan folpension:
Sliepseal Roefke €190,-
Twapersoanskeamer Roefke €220,-
Twapersoanskeamer Brêge €250,-

programma:
Freed 24 maaie
17.30 ûntfangst
19.30 Lêzing De see, de see, troch Bert Looper, direkteur Tresoar, Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum

Sneon 25 maaie
11.00 lêzing oer de skiednis fan de Waadeilannen
13.30 kuier mei skriuwer Kester Freriks
19.30 workshop seegedichten mei inkele Fryske dichters