Cursus

Simmerwike Zen

23 August - 28 August 2020

De sfear en natuer fan Skylge yn de simmer biede altyd wer in hiel bysûndere atmosfear om op ûntspannen en tagelyk djipgeande wize yn de kunde te kommen mei Zen. Moarns en jûns hâlde wy ús dwaande mei de ins en outs fan Zenmeditaasje dêr’t de belangrykste tema’s en ynsjoggen fan Zen by oan bar komme. Fansels beoefenje wy zenmeditaasje en de minsken dy’t der noch net sa bekend mei binne, wurde dêr saakkundich yn yntrodusearre.
Wat dizze kursus ekstra oantreklik makket, is dat de middeis frij binne om te genietsjen fan it strân en de rêst en stilte fan it eilân. Koartsein: in prachtich foarbyld fan hoe’t it nuttige en it oangenaame mei-inoar geane.

De wike is geskikt foar elkenien dy’t ek mar in bytsje ûnderfining hat mei (zen)meditaasje, mar ek foar harren dy’t dêr noch gjin ûnderfining mei hawwe. In ûnderdiel fan de kursus is it behanneljen fan ‘De plaatjes van de os’, in soarte fan stripferhaal dat dy in hiel goed ynsjoch jout yn de wei fan Zen.

Dizze simmerwike wurdt al sa’n 15 jier organisearre yn gearwurking mei Willem Scheepers fan Zentrum Utrecht. Willem Scheepers beoefenet Zen sûnt 1977 by ferskate leararen, ûnder oaren Thich Nath Hanh en waard yn 1985 studint by Genpo Roshi. Hy naam yn 1995 Zentrum oer fan Rients Ritskes dy’t it begjin jierren ’90 oprjochte hat yn Utrecht en yn 1995 ôfsette nei Denemarken. Troch zenwykeinen en sesshins bleau der kontakt tusken Rients en Zentrum. Tagelyk gie Willem mei Nico Tydeman, dy’t yn Zentrum kaam te lesjaan, in learaar-studint relaasje oan. Fan him krige hy yn 2013 Denkai, tegearre mei Cornelia Wierenga, dy’t ek fan it begjin of oan yn Zentrum les jout.

Priis op basis fan folpension:
€560,- twapersoanskeamer Brêge

By twivel: belje gerêst mei de learaar Willem Scheepers (06 207 33 209).