Cursus

Skriuwkursus Eilanner portretten

05 October - 09 October 2020

Skriuwkursus Eilanner portretten:
Sykje nei de skatbewarders fan ús ferline op de Waadeilannen.

Bist benijd nei it libben fan foarhinne op in Waadeilân, bist in fêste eilânbesiker en hast nocht oan skriuwen, dan is de skriuwkursus Eilanner portretten faaks wat foar dy.

De skriuwkursus Eilanner portretten biedt eilânleafhawwers fan de wâl de kâns om op ferhaal te kommen mei oarspronklike bewenners fan in Waadeilân. De kursus wurdt organisearre troch Stichting Over ‘t Wad yn gearwurking mei de Ljouwerter krante en Folkshegeskoalle Skylge.

Hoe wie it libben op de Waadeilannen yn 40-45, de jierren fyftich en sechtich? Hokker beroppen op de Waadeilannen binne ferdwûn? Wat is der de lêste fyftich jier op de eilannen feroare op it mêd fan wurk en ynkommen? Wannear ferdwûn de doarpsomropper, de postboade en de molkboer út it strjitbyld fan de eilannen? Hoe hawwe de bewenners fan it eilân dy tiid sels belibbe?
De tiid driuwt, foardatst it witst is de generaasje eilânbewenners fan santich jier lyn net mear by steat te fertellen hoe’t it libben foarhinne wie op de Waadeilannen.

De skriuwkursus Eilanner portretten is foar minsken dy’t graach skriuwe (wolle) oer har favorite Waadeilân. Doel is om de kursisten de eilânbewenners mei har ûnderfiningen en libbensskiednissen op in Waadeilân better kennen te learen troch se te ynterviewen en se te beskriuwen yn ferheljende portretten.

  • Moandei 5 oktober 12.00 oere oant en mei freed 17 april 2020 14.00 oere
  • Groepsgrutte: sawat 15 persoanen
  • Dosinten: Sander Warmerdam, haadredakteur Ljouwerter krante, Henk Tameling, âld-direkteur Waadferiening, publisist De Wadden foar dummys.Ynskriuwe kin fia dizze link