Cursus

Spoedkursus Frysk

04 March - 08 March 2024

Spoedkursus Frysk
Wolst yn hiel koarte tiid Frysk ferstean en lêze kinne? Dan is dizze kursus op Skylge wat foar dy. Nei ien midwike hast in romme wurdskat, fersteanst Friezen yn de buert en kinst in Frysk artikel lêze. Mocht bliken dwaan dat der foldwaande tiid is, dan sil ek in begjin makke wurde mei it praten fan de taal. Midden op ‘e dei is der tiid foar in tocht troch de dunen of in strânkuier. De kursus doarret ien midwike, op basis fan in lukse arranzjemint. Alle kosten binne ynbegrepen, dus ynklusyf lesmateriaal, boatretour, fyts, taksiferfier op it eilân ensafh.
Ekstra ynformaasje en opjaan by www.afuk.nl