Cursus

Strâncoaching 50+ frou, oktober

14 October - 16 October 2020

Do bist frou, 50 plus, al jierren oan it wurk en yn dyn wurk reedlik lokkich, mar soms fielst ûnrêst en spylje dy fragen troch de holle;

  • Wol ik dit noch oant myn fiifensechtichste?
  • Hoe bliuw ik fit en fitaal?
  • Doch ik noch wat dêr’t ik goed yn bin?
  • Wat wol ik net mear dwaan.?
  • Wat wol ik krekt mear dwaan?
  • Helje ik alles út mysels wat deryn sit?

Fragen dêr’tst net te lang by stil stiest, want do hast it drok, drok mei ôfspraken mei dyn freonen, ite mei dyn freondinnen, dyn útfleanende bern en dyn âlder wurdende âlders, en dêrneist dan noch dyn wurk. Gunst dysels amper tiid om ris rêstich de balâns op te meitsjen. Tige werkenber, tige begryplik, mar ek spitich want wy froulju moatte foar it earst yn de Nederlânske skiednis wurkje oant minimaal 65 jier.

Strâncoaching op Skylge
Yn dizze kursus mei yndividuele petearen, ferskate fleurige, kreative wurkfoarmen en mei humor, coache wy dy yn it neitinken oer it twadde part fan dyn karriêre. Neat moat, alles mei.
Wy sille optimaal gebrûk meitsje fan de moaie natuer fan Skylge, dus in soad nei bûten om dêr rinnend op it strân en fytsend oer it eilân nei te tinken en te praten oer dyn karriêre. We lunsje yn in strânpaviljoen om sa noch mear genietsje te kinnen fan strân en see.
Hearlike dagen foar dysels mei alle oandacht fan ús foar dy en tiid om te besinnen. Krijst hearlik en sûn iten, in lekker skjin bêd en alle romte om dysels te sjen en (opnij) te ûntdekken watst wolst.
Stap oan board en lit it alledeiske libben op de fêste wâl even achter dy. Wy, Petra Olthof en Hanneke Versteeg, belove datst nei ús strâncoaching fol nije enerzjy en moaie takomstplannen wer werom nei hûs giest.

Op de webside fan Strâncoaching kinst terjochte foar mear ynformaasje en opjefte.