CursusWeekend

Súd-Afrikaanske lieten sjonge – annulearre

28 August - 30 August 2020

De mearstimmige fokale muzyk yn Súd-Afrika is wiidferspraat en begeliedt alle sosjale byienkomsten. Mienskiplike rituelen, lof fan God, striid foar minskerjochten, ferhalen en lyryske emoasjes – alles is tafertroud oan it liet.

It muzikale lânskip yn Súd-Afrika is krekt sa libben en divers as de etnyske befolking yn it lân – Sotho, Tsonga, Xhosa, Zulu ensfh. De dielnimmers leare lieten yn ferskate talen (Tsonga, Xhosa, Zulu, Sotho) en we gean oan de slach mei it ritme, strakke gearsang en beweging.

Dosinte Tatiana Lina: “De Afrikaanske lieten binne hearlik om te sjongen en se bringe in sterk gefoel fan mienskip. It is in poerbêst repertoire foar elk koar, dêr’t der foar de sjongers fan alle nivo’s in rol is.”

Prizen foar folpensjon € 193,-