Cursus

Tekenje en skildere fanút beweging

16 August - 21 August 2020

Mei it prachtige ôfwikseljende lânskip fan Skylge om ‘e doar is der genôch om dyn skildershert op te heljen. Dizze workshop is in ynspirearjende miks fan tekenjen en skilderjen neffens de waarnimming, mar benammen út beweging en ekspresje wei.
Wy gean binnen en bûten oan ‘e slach. Der wurdt oefene mei koarte flugge sketsen, links- en rjochtshandich tekenjen en skilderjen. Dat om de eigen ekspressive beweging te ûndersykjen en te ûntwikkeljen: dyn hannen witte it faak better as in ynterpretaasje dêr’t te folle oer neitocht is.

Middeis is der tiid om sels op ‘skilder-ûndersyk’ te gean of we gean meielkoar op paad. nei in útstalling, nei ien fan de moaie doarpkes, it waad of nei de see om op lokaasje te wurkjen. Alle dagen is der in wurkbesprekking en der is genôch tiid en romte yn it programma om op in terras of op oare wize te genietsjen fan it eilân!
Sita Geerling is byldzjend keunstner en byldzjend terapeut en wurksum yn har eigen praktyk Atelier Lyts Bûthús. Foar mear ynformaasje: www.lytsbuthus.nl en www.sitageerling.nl.

Priis folpensjon:
€ 570,- twapersoanskeamer Roefke
€ 520,- sliepseal Roefke