CursusWeekend

WaadWrâlderfgoed-wykein = annulearre

09 October - 11 October 2020

It Waad: foar minsken is it in gebiet om te genietsjen fan de iepenheid en de rêst, moaie loften en in útsûnderlik lânskip. It is ek in gebiet dêr’t wenne, wurke en fiske wurdt. De eilannen kuierje, rillen feroarje, de natuer manifestearret him op de meast dynamyske wize. Binne der noch bedrigingen, no’t it gebiet ta wrâlderfgoed útroppen is, is der foldwaande beskerming fan de unike wearden? Wat binne no dy wearden, hokker bisten libje der yn it slik? Wêr komme al dy fûgels wei dy’t hjir útrêste foar’t se de heale wrâld oerfleane?

Yn dit wykein komst alles te witten oer dit bysûndere gebiet. Wy lûke der op út en sille It Waad ûnderfine troch sels op syk te gean nei it libben yn en op dizze fantastyske modderflakte. Dit wykein wurdt organisearre yn gearwurking mei de Waddenvereniging 

Priis op basis fan folpension
€241,- sliepseal Roefke
€261,- twapersoanskeamer Roefke
€281,- twapersoanskeamer Brêge