CursusWeekend

Yoga yn Konsert, novimber

22 November - 22 November 2020

Yoga in Concert is in unyk belibjen fan yoga en muzyk. Yogahâldingen, muzykklanken en meditaasje komme byelkoar yn dit bysûndere konsert. Alles is mooglik: aktyf meidwaan op dyn eigen yogamatte, ûntspannen efteroer leune wylst harkest nei de moaie muzyk of in kombinaasje fan beide. Yn de les wurdt omtinken jûn oan de haadtema’s meditaasje (ûntspanning), pranayama (sykheljen) en asana (hâldingen). Gjin inkeld konsert fan Yoga in Concert is itselde. De ynhâld, de dynamyk en de sfear fan de yogalessen wurde bepaald troch de lokaasje, de musisy en it tema.

Yoga in Concert is in idee fan gitarist, skriuwer en yogy Jan Kuiper. Mei kollega-dosinte Yvonne de Hoop fersoarget er al inkele jierren spraakmeitsjende yogakonserten. De lessen wurde begelaat troch Jan Kuiper op gitaar of troch renomearre (klassike) musisy. Earder wiene ûnder oare de folgjende musisy te gast: harpiste en sjongeres Iris Kroes, Ragazze Kwartet, fluitiste Eleonore Pameijer en klarinettist Lars Wouters.

De ynhâld fan de lessen is gaadlik foar alle nivo’s fan yoga. Begjinners binne dan ek fan herte wolkom! Mear ynformaasje en ynskriuwe: www.yogainconcert.nl