CursusPopulair

Zen4daachse ‘Big Mind – Big Heart- Big Belly’

13 May - 16 May 2021

Big Mind – Big Belly, 13 – 16 maaie 2021 (Himelfeart)

“The Big Mind process allows the ego to step aside and relinquish its control without fear. Then our intrinsic wishdom and compassion can be manifested.” 
(Genpo Merzel)

Dit jier wurdt de jierlikse Zen-Fjouwerdaachse fan Zen Spirit mei Himelfeart holden. Sawol see, strân, bosken as dunen nûgje ús út yn dit lânskip op te gean, ús te be-‘sinnen’ en derút wei fleurich oanwêzich te wêzen: hjir, no. By dizze zenretrête op Skylge kinne we ús even ‘weromlûke’ út it drokke libben fan alledei en wer nije enerzjy opdwaan. Sitte – Sjen – Wêze!

Ek by dizze Zen-Fjouwerdaachse leit de klam derop om mei-inoar yn stilte te meditearjen en te rinnen yn de natuer. Dêrneist binne der ek Big Mind-Big Heart sessys: in troch Genpo Merzel ûntwikkele metoade dy’t basearre is op Voice Dialogue.
Wy wurkje dêrby mei ús ‘inerlike stimmen’, ynklusyf dy aspekten fan ússels dêr’t we no net sa bliid mei binne. It is in simpele, effektive en boartlike metoade dy’t ús mear sicht jaan kin op wa’t we yn djipste wêzen al binne, te sjen wat we dogge en wat oars kin, bygelyks leare te switchen fan in krampeftich en eangstich ego nei in sûn, folwoeksen ego.

Lit dy ferrasse en lear hoe’tst dat ‘Mins-wêzen’ hielendal omearmje kinst. Stevich oanwêzich yn it lichem (‘Big Belly’) kinst dyn grinzeleaze hert en ûneinich heldere geast ûnderfine!

Irène Bakker liedt Zen Spirit en is autorisearre zenlearaar en systeemterapeut. Se jout al goed 15 jier meardere retrêtes jiers op de Folkshegeskoalle dêr’t altyd in soad belangstelling foar is. Wachtsje dus net te lang mei opjaan.
Mei Pinkster fan 29 maaie – 1 juny jout Irène op de Folkshegeskoalle de workshop ‘De krêft fan Ferjouwing’. Nim kontakt op mei de Folkshegeskoalle foar koarting ast oan beide aktiviteiten dielnimst.

Data
13 – 16 maaie 2020 oanfang 16.00 oere oant en mei 24 maaie sawat 13.00 oere

Kosten
Twapersoanskeamer Brêge € 399,- op basis fan folpensjon. In ienpersoanskeamer is tige beheind beskikber en kin net garandearre wurde.
Nim kontakt op mei de Folkshegeskoalle foar koarting ast meidwaan wolst oan sawol de ‘Zen4daachse’ as ‘De krêft fan Ferjouwing’.

Opjefte en praktyske ynformaasje
Opjefte is mooglik sadree’t it ynskriuwformulier op de webside fan de Folkshegeskoalle stiet: Folkshegeskoalle

Ynhâldlike ynformaasje
0481-451792 Irène Bakker Sensei. Sjoch ek www.zenspirit.nl

De Folkshegeskoalle fan Skylge is de iennige folkshegeskoalle fan Nederlân. Op dat prachtige plak yn de bosk by it strân fan Skylge binne it hiele jier troch ynspirearjende kursussen op it mêd fan besinning, natuer, kultuer en kreativiteit. Dy kursussen binne folslein fersoarge op basis fan folpensjon. -> Sjoch hjir foar it folsleine programma.

Ekstra: Freonen fan de Folkshegeskoalle krije no 5% koarting op ien fan de alsidige kursussen. -> Wurd ek Freon!