We meie wer iepen!

Fan 1 juny ôf, bist wer fan herte wolkom op de Folkshegeskoalle. Fansels folgje we alle jildende regels fan de oardelmetermienskip dêr’t we no mei te krijen hawwe troch it koroanafirus. We dogge der alles oan dêr sa goed mooglik mei om te gean. In feilich ferbliuw, foar dy as ús gast, is foar ús it alderwichtichst.
Neffens de rjochtlinen fan de oerheid en de Veiligheidsregio Fryslân, kinne we fan 1 juny ôf wer groepen minsken ûntfange oant 30 persoanen. Ek mei de ytseal iepen, mar dan (lykas oars) allinne foar ús eigen gasten.

Dat betsjut ek datst no dyn strippekaart fersulverje kinst foar in ferbliuw by ús fan 1 juny ôf.

We hawwe alles derop taret om foar ús gasten en meiwurkers in feilich plak biede te kinnen. Dat betsjut dat dyn ferbliuw der krekt wat oars út sjen sil, as datst fan ús wend bist.

Hokker maatregels nimme we?

Op de Folkshegeskoalle soargje we derfoar dat ûnderlinge kontakten tusken gasten en meiwurkers safolle mooglik beheind bliuwe, en dat it maklik is om dy oan de regels te hâlden. Fansels folgje we de rjochtlinen fan it RIVM en jilde de folgjende betingsten:

  • Us meiwurkers hâlde oardel meter ôfstân. Under de omstannichheden helpe we jimme fansels safolle mooglik en wêr’t we kinne.
  • Yn alle gebouwen is der ienrjochtingsferkear en der kinne minder minsken tagelyk yn de ytseal. Ek dat is fansels allegearre oanpast oan de regels wat de oardel meter oanbelanget en de nedige hygiënemaatregels.
  • Der kinne allinne noch keamers dield wurde troch minsken dy’t út ien húshâlden komme. Dat betsjut dat gesinnen en pearen gewoan in keamer diele kinne. Hast al in reservearring foar in dielde keamer, mar net mei immen út dyn eigen húshâlding, dan nimme we kontakt mei dy op om it ferbliuw om te boeken nei in ienpersoanskeamer.
  • Ekstra skjinmakmaatregels binne tige wichtich. De iepenbiere húskes binne net iepen, kinst gebrûk meitsje fan dyn eigen sanitêr op dyn eigen keamer. Der binne desynfektearjende hân-gels yn alle gebouwen en sealen foar algemien gebrûk. Ek is der sjippe op alle keamers.
  • Kinst allinne mar komme ast earst reservearre hast.
  • Bist net fit, hast ferheging of hoastest, dan kinne we dy spitigernôch net ûntfange.

Dizze maatregels kinne altyd oanpast wurde as dêr oanlieding ta is út de oerheid of de GGD wei.

We hoopje jimme fluch te sjen, we hawwe jimme mist!
Freonlik groetsjend, út namme fan fan elk op de Folkshegeskoalle,

Amarins