Feest yn augustus

De Folkshegeskoalle Schylgeralân bestiet 70 jier. Dat fiere we mei 4 besûndere jûnen yn Teater De Rondte mei as tema Lytse Talen.

It programma is 4 kear op in woansdeitejûn:
– op 8 augustus ha we de Katalaanske spylfilm ‘Estiu 1993’. De bekraonde film is ûnderdiel fan de de Zomerbios fan de Terschellinger Filmdagen.
– de woansdei derop, 15 augustus, stiet Paulus de boskabouter op it poadium. It lústerboek ‘Et ynstroeperke’ wurdt dna mei byld fertolke yn de trije dialekten fan Skylge. Utjouwer Maarten de Meulder fersoarget in ynleiding.
– Fryslân en de Fryske taal stean sintraal op 22 augustus, wêrop nei in film en in kwis it sertifikaat ‘Fryslânkunde’ behelle wurde kin. Tresoar-direkteur Bert Looper is dizze jûn ús gasthear.
– op de slotjûn op 29 augustus is der musyk. De simmerske band Xera-Raíz! lit dan tradysjoniele ynstruminten klinke út Asturië.

Elkenien is wolkom!
Ydentiteit en folkskultuer spylje in grutte rol op de Folkshegeskoalle. 70 jier lyn oprjochte as moetingsplak om de Fryske kultuer te fersterkjen en mei elkoar te dielen. Taal as drager fan dizze ydentiteit en kultuer is in hyltyd weromkommend tema op de Folkshegeskoalle. It jubileumprogramma is, útsein de film, fergees tagonklik. De feestjûnen binne op 8, 15, 22 en 29 augustus. De film kostet 5 euro oan de deur.

It programma is makke yn gearwurking mei Kulturele Haadstêd Ljouwert -Fryslân 2018, Lân fan Taal, it EBLT – Europeesk Buro foar Lytse Talen, De Terschellinger Filmdagen, Uitgeverij De Meulder en Tresoar.