Dit is de privacyferklearring fan Folkshegeskoalle Schylgeralân te Hoarne, Skylge. De Folkshegeskoalle stiet ynskreaun as ‘Stifting Fryske Folkshegeskoalle Schylgeralân’ yn it Hannelsregister by de Keamer fan Keaphannel ûnder nûmer 41002530.
Dizze privacyferklearring slacht op de gegevensferwurking fan elk dy’t gebrûk makket fan de tsjinsten fan Folkshegeskoalle Schylgeralân. Folkshegeskoalle Schylgeralân respektearret de privacy fan elk dy’t gebrûk makket fan ús tsjinsten en ek fan de brûkers fan ús webside en sosjale media. Wy steane der noed foar dat de persoanlike ynformaasje dy’t jo ús jouwe, fertroulik behannele wurdt. Dizze privacyferklearring is allinnich fan tapassing op tsjinsten fan Folkshegeskoalle Schylgeralân.
Gebrûk fan ús tsjinsten
Wannear’t jo oanjouwe gebrûk meitsje te wollen fan de tsjinsten fan de Folkshegeskoalle, freegje wy jo om persoansgegevens. Dy gegevens wurde brûkt om út te fieren wat jo fan ús freegje. Jo persoansgegevens wurde allinnich brûkt troch de Folkshegeskoalle. Wy jouwe jo persoansgegevens net oan tredden sûnder jo tastimming, of it moat wêze dat soks needsaaklik is foar it útfieren fan in oerienkomst tusken jo en de Folkshegeskoalle of dat wy dêrta ferplichte binne op basis fan de wet of in rjochterlike útspraak.
De Folkshegeskoalle leit jo gegevens fêst as:
jo Freon wurde fan de Folkshegeskoalle;
jo jo oanmelde foar ús Nijsbrief;
jo gebrûk meitsje fan ien fan ús tsjinsten, lykas it folgjen fan in kursus en it brûken fan ús akkommodaasje. Ús oanbod datoangeande is te finen op www.folkshegeskoalle.frl.
Oanpassen/útskriuwen
Jo hawwe altyd de mooglikheid om jo persoansgegevens yn te sjen, te feroarjen of te ferwiderjen. Yn dat gefal kinne jo kontakt mei ús opnimme fia info@folkshegeskoalle.frl of 0562-448954.
As jo op watfoar momint dan ek gjin priis mear stelle op it ûntfangen fan ús Nijsbrief of oare ynformaasje mei de mail, dan kinne jo jo dêrfoar ôfmelde fia info@folkshegeskoalle.frl.