Stypje de Folkshegeskoalle

We hoopje fan herte datst sûn bist. It binne drege tiden foar ús allegearre.  It nije seizoen is oanbrutsen, it is prachtich maitiidswaar, mar op de Folkshegeskoalle Schylgeralân is it stil. Gjin gasten, gjin freonen, gjin gesellichheid en drokte. Troch de koroanakrisis binne we samar yn swier waar belâne. De FHS is in ûnôfhinklike ynstelling. Subsydzje krije we net; we binne ôfhinklik fan omset en fan ús freonen. No’t we troch de krisis gjin gasten ûntfange kinne, sjocht it der min út foar ús. We binne bang dat we 2020 as in ferlern jier beskôgje moatte.

Derom roppe we dyn help yn.

Strippekaart

Foar dy as ús freon(dinne), gast, relaasje hawwe we de ‘FHS-Strippekaart’ betocht. Mei dy strippekaart kinst bygelyks in oernachting of ferbliuw betelje, of de kosten foar in kursus. Do kinst sels bepale wêr’tst ‘de strippen’ oan bestegest en wannear’tst dat dochst. Om ús troch dizze tiid te helpen betellest 25% ekstra, mar dochst dysels ek wat kado: in moai foarútsjoch om skielk op Skylge te ûntspannen.

Dizze strippekaart kinst hjir oanskaffe. Fan elke kaart komt 25% te’n goede oan de Folkshegeskoalle Schylgeralân.

Kinst kaarten keapje fan 50, 75, 100, 150, 200, 250 en 500 euro. De kaarten binne 2 jier jildich.

Help ús en doch dysels (of in oar) in ferbliuw op Skylge kado!

Nije freonen

Kinst ek ús fêste freon wurde. Dan stipest ús jierliks mei in fêste bydrage. Bist al freon? Dan hoege wy dy net te fertellen hoe wichtich it fuortbestean fan de FHS is. Wy binne wiis mei dyn stipe, en miskien hast wol famylje of kunde dy’t ek freon wurde wolle? Ek dat helpt ús tige.

Nije freonen kinne har ek hjir oanmelde.

De FHS is al sûnt 1948 in bysûnder plak yn Fryslân. Dat mei net ferdwine. We hoopje fan herte datst ús ek no stypjen bliuwst. En dat we inoar oer net al te lange tiid wer moetsje kinne op ús prachtige Folkshegeskoalle. Hast fragen? Oer dizze brief of oer de FHS-Strippekaart? Nim dan foaral kontakt mei ús op.