Fertrietlik nijs

Us âld-direkteur Jantsje Stienstra-Schukken is hommels ferstoarn. Tegearre mei har man Betze Stienstra hat sy 33 jier direkteur west fan de Fryske Folkshegeskoalle Schylgeralân. Yn in ynterview út 1998, oer it 50-jierrich bestean, sei Jantsje: “De Folkshegeskoalle is foar my in moetingsplak dêr’t de minske en it minsklike sintraal stiet. Uterlikheden en eftergrûnen dogge der hjir net ta. It giet om wat der achter sit.”

Wurden dy’t oant op de dei fan hjoed troch alle direkteuren dy’t nei har en Betze kommen binne neilibbe wurde. In útgongspunt om te koesterjen en grutsk op te wêzen. Jantsje hat in geweldich soad foar de Folkshegeskoalle betsjut. Wy binne har tankber en tinke mei wille, leafde en grutskens oan har.

It lêste ynterview dat sy en har man jûn hawwe, wie yn it ramt fan de skriuwkursus Eilanner Portretten, hjir op de Folkshegeskoalle, yn de hjerst fan 2020. Lês it ynterview hjir.

Wy wolle Betze, Tryntsje Jaeike, Jaeike Welmoed en harren famylje in soad sterkte tawinskje mei it ferwurkjen fan dit grutte ferlies.

Mei út namme fan alle meiwurkers, de âld-direkteuren en de (âld)bestjoersleden,

Jacqueline Spendel

direkteur Folkshegeskoalle