Simmerkamp Reüny 2018 – 30 juny

Do komst dochs ek?

Yn 2018 bestiet de Folkshegeskoalle Schylgeralân 70 jier. Dat jubileum wolle we fiere mei in reüny fan elkenien dy’t ea op Simmerkamp west hat op de Folkshegeskoalle op Skylge. Dy simmerkampen foar jongerein binne sûnt de oprjochting yn 1948 al organisearre troch de FHS. Wy hoopje jimme allegearre wer te sjen yn it wykein fan 29 juny oant en mei 1 july!

Yn de 70 jier dat de Folkshegeskoalle bestiet hawwe kloften bern in geweldich fakânsjekamp meimakke op Skylge. Bysûndere oantinkens oan it fjouwerkante bosk, ferskes sjonge, it strân, meihelpe mei itensieden en kete op ‘e sliepseal. We nûgje alle Simmerkampers, lieding en bern, út om dy oantinkens mei-inoar op te heljen op Schylgeralân.

It reünyprogramma is op 30 juny, mei de mooglikheid foar in gesellige jûn op freed of sneon derby mei de Fryske band Volk of fansels even om de hoeke sjen by Hessel yn it doarp.

“Ja, laitsje frij en fleurich praat, fleurich praat, it libben stjoert ús elk syn paad, elk syn paad, mar ‘k tink, is strak dit kamp foarby noch lang oan Skylgerlân en dy.”

NB: Tink derom op tiid de boat te boeken! www.doeksen.nl

Kosten foar de kamp reuny

Opsje 1

Deiprogramma 30 juny mei lunsje, kofje, tee en wat lekkers €25 euro

Opsje 2 mei oernachting en jûnsmiel

Oernachting fan freed 29 juny op sneon, ynklusyf jûnsmiel op freed en brochje op sneon. Deiprogramma 30 juny mei lunsj, kofje tee en wat lekkers (mei lekkenpakket) €81 euro

Opsje 3 mei oernachting sûnder jûnsmiel

Oernachting fan freed 29 juny op sneon, sûnder jûnsmiel op freed en brochje op sneon. Deiprogramma 30 juny mei lunsj, kofje tee en wat lekkers (mei lekkenpakket) €63 euro

Opsje 4 mei oernachting en jûnsmiel

Oernachting fan sneon op snein, ynklusyf jûnsmiel op sneon en brochje op snein. Deiprogramma 30 juny mei kofje, tee en wat lekkers en jûns in optreden fan de Fryske band Volk (mei lekkenpakket) €81,-

Opsje 5 it hiele wykein

Oernachting freed en sneon mei twa kear jûnsmiel en twa kear brochje. It deiprogramma 30 juny en optreden Volk (mei lekkenpakket) €127 euro

Oanmeldformulier

It programma

08:30 Fertrek fanôf Harns mei de snelboat
09:15 Oankomst op West. Bus as fyts nei de FHS
10:00 – 11:00 Kofje en byprate op it plein by de resepsje of yn it nije theater.
(10.30 Offisjeel iepeningsmomint)
11:00 – 12:30 Rûnliedingen oer it hiem of sels frij omstrúne.
12:30 – 13:30 Lunsj
13:30 – 15:30 Drankje en ôfslúting
 17:30 Boat fertrekt fanôf West
19:30 Oankomst yn Harns

Bliuw op de hichte!

Meld dy oan by it Facebook evenemint en diel ferhalen en foto’s!