Kursus Skylge

De Folkshegeskoalle is in plak foar ûntspanning, ûntwikkeling en moeting. Bist op syk nei ferdjipping, wolst kennis opdwaan oer in nij ûnderwerp of op ûndersyk útgean yn de natuer? Folgje in kursus of workshop op Skylge!


Workshop Skylge 

By de Folkshegeskoalle kinst terjochte foar ferskate kursussen en workshops. De lizzing oan de râne fan Wrâlderfguod Waadsee en yn it Hoarnske bosk makket ús lokaasje geskikt foar kreative kursussen, mar ek kursussen yn de natuer. Sa kinst mei op fûgelekskurzjes, mar ek op kuierretraites en muzikale kursussen. Mei-inoar diele wy mominten fan stilte, kreativiteit en gesellichheid.

Foar minsken dy 't fêstrinne yn harren karriêre, in nije rjochting ynslaan wolle of foar wa 't it pensjoen yn sicht is, biede wy ferskillende coaching mooglikheden. De rêst op it terrein nedich ek út ta besinning, wêrtroch 't de Folkshegeskoalle in populêr plak is foar retraites en yoga wykeinen.

De Fryske identiteit sit djip ferweve yn de Folkshegeskoalle. In kursus Frysk, mei dan ek net ûntbrekke. Yn in wykein leare je de basisbegjinsels en al in pear wurden praten. De kursussen binne ek nijsgjirrich foar wa 't al in aardich wurdsje sprekt en bygelyks better wurde wol yn it skriuwen.

Besjoch alle kursussen yn it oersjoch hjirboppe of sjoch de aginda. Wy hoopje dy ynkoarten fan herte wolkom te hjitten by de Folkshegeskoalle.


Oer de Folkshegeskoalle

Folkshegeskoallen waarden oeral yn Nederlân oprjochte nei de Twadde Wrâldoarloch.

Hjir koene (jonge) minsken inoar moetsje, harren ûntwikkelje en de eigen kultuer en identiteit belibje. Yntusken is Folkshegeskoalle Schylgeralân noch de iennige folkshegeskoalle yn Nederlân en krije we besite fan minsken fan alle leeftiden.  

Njonken lokaasje foar kursussen en workshops op Skylge, is it in plak om op fakânsje te gean en foar simmerkampen foar de Fryske jeugd fan no. In part fan de akkommodaasjes, lykas sliepsealen, de ytseal en in tal priveekeamers binne boud op de fûneminten fan de Atlantikwall, bunkers út de Twadde Wrâldoarloch. Dat makket ús plak ekstra bysûnder.

In ferbliuw by de Folkshegeskoalle is altyd ynklusyf gehiel fersoarge mielen dêr 't wy safolle mooglik lokale en biologyske produkten foar brûke. Us koks riede it iten mei in soad leafde ta en dat priuwst.