Loopbaan en pensjoen

De Folkshegeskoalle is net allinnich in plak foar Friezen, natuerleafhawwers en minsken dy 't op syk binne nei besinning. It is ek in plak dêr'tst terjochte kinst foar kursussen dy 't dy helpe by de folgjende stap yn dyn karriêre of yn 'e einfaze dêrfan. Omtinken foar dy stiet dêrby foarop.

Untwikkel dysels by de Folkshegeskoalle

Ast no komst foar stappen yn dyn karriêre of tarieding op it pensjoen, de Folkshegeskoalle is in plak om dysels te ûntwikkeljen ûnder goede begelieding en yn in fertroude groep.

Set de folgjende stappen yn dyn karriêre 

By in kursus fan trije dagen jouwe wy advys en stypje wy dy by de folgjende stappen yn dyn karriêre. Dizze kursus is bedoeld foar elk dy 't him mei dit fraachstik dwaande hâldt. Ek elkenien mei grutte brânende ambysjes, minsken dy 't tydlik sûnder wurk sitte en minsken dy 't kampe mei in burn-out helpe wy graach op wei. Op syk nei in kursus liederskip? Ek dêrfoar biede we mooglikheden.

Ried dy foar op dyn pensjoen 

Bist oan yn 'e einfaze fan dyn karriêre? Dan biede wy in pear kear yn it jier de kursus 'Pensioen yn sicht'. By dizze kursus is der de mooglikheid om stil te stean by de feroaringen dy 't harren oantsjinje en de karren foar de takomst. Sa slúte je it wurk mei in goed gefoel ôf en krije je in helder byld fan hoe 't it libben aanst op nije wizen ynfolle wurde kin.


Oer de Folkshegeskoalle

Nei de Twadde Wrâldoarloch ûntstiene oeral yn Nederlân folkshegeskoallen. Dit wiene plakken dêr 't minsken byinoar kamen om te groeien, inoar te moetsjen en harren kulturele identiteit te ferkennen. Folkshegeskoalle Schylgeralân is de iennige dy 't noch hieltyd bestiet en minsken fan alle leeftiden komme hjir byinoar. Dat dogge se foar alderhanne kursussenen workshops fan meardere dagen. Sa binne der kursussen dy 't rjochte binne op muzyk en sang, kreative kursussen, ekskurzjes yn de natuer en mominten fan besinning.Alle simmers fine der ek in tal simmerkampen plak foar de Fryske jeugd.

Gasten komme ek om fan in ûntspannen ferbliuw te genietsjen.Us lokaasje is in oaze fan rêst en de akkommodaasjes binne foar in part opboud op de fûneminten fan de Atlantikwall, bunkers út de Twadde Wrâldoarloch.