Oer ús

Missy en fyzje

De Folkshegeskoalle Skylgeralân fersoarget en organisearret meardaagse kursussen en stelt fasiliteiten beskikber foar aktiviteiten dy’t in edukatyf, of (sosjaal)kulturiel karakter hawwe. Dêrby hawwe kursussen en aktiviteiten dy’t Fryslân en de Fryske taal en kultuer oanbelangje, prioriteit. De Folkshegeskoalle is in moetingsplak midden yn de natuer mei de woartels yn de Fryske mienskip.

Skiednis

Nei de Twadde Wrâldoarloch waarden rûnom yn Nederlân folkshegeskoallen opjochte. Op de folkshegeskoallen koene (jonge) minsken elkoar moetsje, har ûntjaan en de eigen kultuer en identiteit belibje. De Folkshegeskoalle Schylgeralân bestiet as iennichste noch hieltyd. Hjoed-de-dei komme minsken fan alle leeftiden hjir, fan 8 oant 80 jier. Hiele folksstammen (Fryske) jongeren en folwoeksenen hawwe elkoar hjir ûnderwilens moete, geniete fan de aktiviteiten en ynspiraasje opdien. Lês hjir mear oer de skiednis.

Foar elkenien

Fanâlds is de Folkshegeskoalle in sintrum fan moetsjen, besinnen en kultuer. En dat is it noch hieltyd.
Do bist fan herte wolkom om hjir te kommen en te genietsjen. Allinnich, tegearre of mei in groep: yn dat gefal ferbliuwst yn ús groepsakkommodaasje. Wy biede groepsakkommodaasje foar groepen oant 100 persoanen en dêrneist apparteminten. De Folkshegeskoalle biedt ûnderdak oan sa’n 35 kursussen en aktiviteiten. Sjoch dêrfoar by it kursusoersjoch.
Ús Fryske woartels binne noch sichtber oanwêzich, lykas yn de kursussen Fryske taal en kultuer. Ús mielen binne licht en smaaklik, tamakke mei farske yngrediïnten. Neist it edukative oanbod, is de Folkshegeskoalle it perfekte plak foar in skoalreiske, famylje- of bedriuwsútstapke of gewoan in noflike fakânsje.

Bijzondere accommodatie – bunkers

Deunby it Noardseestrân en it Wrâlderfgoed Waadsee leit de Folkshegeskoalle op in sintraal plak yn de Hoarnske bosk. De akkomodaasje is boud op de fûneminten fan de Atlantikwall, bunkers út de Twadde Wrâldoarloch. Dy bunkers hawwe no in funksje as sliepkeamer of ytseal. Tusken de lytsere munysjebunkers op it hiem fan de Folkshegeskoalle fynst no it iepenloftteater De Rondte. De oare gebouwen fan de akkomodaasje binne yn freonlike Skandinavyske styl oanlein en ûntwurpen troch de bekende Fryske arsjitekt Gunar Daan (1939-2016).

Dokumentêre

Yn 2018 bestie de Folkshegeskoalle 70 jier. Yn dat ramt hat Omrop Fryslân in dokumintêre makke oer dit besûndere plak. Jo kinne dit programma hjir besjen: https://www.youtube.com/watch?v=OG1jaNR7JAY

Útnûging foar stazjêres (m/f)

De Folkshegeskoalle is in erkend learbedriuw mei each foar miljeu en duorsum toerisme. Stazjêres fan toeristyske opliedingen binne fan herte útnûge om op ús akkommodaasje mei (Fryske) kulturele ynslach praktykûnderfining op te dwaan en ûndersyksprojekten út te fieren.

De Folkshegeskoalle fan Skylge is de iennige folkshegeskoalle fan Nederlân. Op dit prachtige plak yn de bosk by it strân wurde it hiele jier troch ynspirearjende kursussen organisearre op it mêd fan besinning, natuer, kultuer en kreativiteit. Dy kursussen binne folslein fersoarge op basis fan folpensjon.
Neist groepen en skoallen ferbliuwe der ek fakânsjegasten op de Folkshegeskoalle. De lokaasje beskikt oer sliepsealen, twa- en mearpersoanskeamers, apparteminten, ferskate sealromten en in bûtenpoadium.

Mear ynformaasje oer ús bedriuw fynst op de webside of mail ús dyn fragen.

Kontakt