Vanaf €51,60 per nacht

De Brêge

Hjir laad je op yn in hearlike komfortabele romte mei in prachtich útsjoch op it Hoornsebosk.

Twapersoanskeamers De Brêge

It fraaie ronde gebou De Brêge is om in dún hinne boud. Hjir binne 11 romme twapersoanskeamers mei eigen dûs en húske. Elke keamer hat in túndoar dy 't streekrjocht útkomt op de bosk. Yn de mienskiplike sitromte binne der kofje / tee-fasiliteiten en in telefyzje. Der leit in grut terras om it gebou hinne en der binne ferskate sitsjes, bûten en binnen. Yn it gebou sels kinne jo gebrûk meitsje fan kofje / tee en it barke yn de mienskiplike foyer mei telefyzje. Boppe yn dit gebou is in lichte konferinsjeromte, de Brêgesaal.

Fan 2024 ôf hantearje wy seizoensprizen leech / midden / heech:

Priis: € 71,20 / € 89,00 / € 106,80 de nacht foar twa persoanen eksklusyf moarnsiten, ynklusyf handoeken en bedlinnen. Eksklusyf toeristebelesting (€ 2,10 p.p.p.n. ).

Allinken € 51,60 / € 64,50 / € 77,40 de nacht eks. toeristebelesting.

Moarnsbrochje is € 12,50 p.p. Diner op oanfraach € 29,50 p.p. Lunchpakket by te boeken foar € 8,50 p.p. Dat kinne jo eventueel trochjaan nei it fêstmeitsjen fan jo reservearring.

Meitsje hjir fuortendaliks jo reservearringsoanfraach. Dit is noch gjin definitive boeking. Wy nimme alle dagen de reservearringsopsjes yn behanneling. Wolle jo in reservearring meitsje foar in keamer, studio, appartemint of sliepseal? Freegje nei de beskikberens fia 0562 -48954 of gebrûk ûndersteand formulier foar in reserveringsoanfraach. Wy nimme dan kontakt mei jo op.

Oernachting kompleet meitsje

De akkommodaasje beskikt oer in eigen restaurant. Yn de keuken wurde Fair Trade-produkten brûkt en se binne spesjalisearre yn diëten en fegetaryske gerjochten.

Diner op aanvraag

€ 29,50

Ontbijt op aanvraag

€ 12,50

Lunchpakket bij te boeken

€ 8,50

Dit kun je eventueel doorgeven na de bevestiging van je reservering

Keamer boeke

Wolle jo in reservearring meitsje foar in keamer, studio, appartemint of sliepseal? Freegje nei de beskikberens fia 0562 -48954 of gebrûk ûndersteand formulier foar in reserveringsoanfraach. Wy nimme dan kontakt mei jo op.