Kreatyf op Skylge

Yn it hert fan de natuer op Skylge fynst de Folkshegeskoalle, in plak dêr 't ûntspanning, persoanlike groei en moeting hân yn hân gean. Mar dat net allinne, it is ek in plak om dyn kreativiteit sprekke te litten. Yn dizze kursussen is der alle romte om kreatyf te wêzen op Skylge.


Kreative workshops op Skylge 

Sadree 't je op de boat stappe, kinne je alles thús efkes loslitte, wêrtroch it romte jout oan je kreativiteit. Net foar in oerke as twa, mar foar in hiel wykein. Op de Folkshegeskoalle kin je nammentlik terjochte foar allerhanne kreative workshops op Skylge. Oft je no leaver oan de slach gean mei in kwast of byldhouwe. Yn dizze ferskillende workshops giest ûnder begelieding oan de slach, wêrtroch 't se geskikt binne foar minsken fan ferskillende nivo 's. Sa kinst de knypkes fan it akwarellen leare of dyn technyk ferfinen fan it tekenjen.

De prachtige omjouwing fan de Folkshegeskoalle bringt dy in wykein fol ynspiraasje. Fan bosken oant moaie dúnlânskippen en wa 't gelok hat, sjocht in moaie sinne op- of ûndergong. Us romme workshop romten hawwe in soad ljochtynfal en dêrtroch kinne je mei natuerlik ljocht oan 'e slach. By moai waar wurde de workshops diels nei bûten ferset.

Sjoch ek ris by ús muzikale workshops wêrby 't wy de oandacht lizze op sang of dûns.

Oer de Folkshegeskoalle

Nei de tsjustere dagen fan de Twadde Wrâldoarloch ûntstiene der troch hiel Nederlân folkshegeskoallen, as ljochtpuntsjes fan moeting, groei en kulturele ekspresje. No is Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge de iennige oerbleaune folkshegeskoalle yn Nederlân, dêr 't minsken fan elke leeftiid wolkom binne om mei-inoar te learen en te groeien.

Us lokaasje is net allinnich in ynspirearjend plak foar kreative workshops, retraites en allerhande kursussen, mar ek in rêstpunt foar fakânsjegongers en in boartersterrein foar de jeugd fan Fryslân by ús simmerkampen. Wat ús ferbliuwen ekstra spesjaal makket, is dat se diels boud binne op de fûneminten fan de Atlantikwall, bunkers dy 't werom te fieren binne nei de Twadde Wrâldoarloch.

By de Folkshegeskoalle wurdt elk ferbliuw kompleet fersoarge, mei hearlike iten fan farske yngrediïnten. Us tawijde koks riede elk gerjocht mei leafde ta.