Dûnsje op Skylge
Te midden fan de prachtige natuer op Skylge sit de Folkshegeskoalle, in idyllysk plak dêr 't ûntspanning, persoanlike ûntwikkeling en sosjale ferbining yn alderhande foarmen sintraal steane. Ien fan dy foarmen is dûns. Sels ûnderfine? Kom dûnsjen op Skylge!
Kom dûnsjen op Skylge
Wolsto ek in wykein lang dûnsje op Skylge, wer efkes yn kontakt komme mei dysels en genietsje fan it eilân? Wy hjitte dy graach fan herte wolkom.
Dûnsje op Skylge
By de Folkshegeskoalle kinst terjochte foar ferskate workshops fan meardere dagen, sa ek dûnsworkshops dy 't in sekere foarm fan besinning jouwe. Sa is der bygelyks in wykein mei Sacrale dûns, in soarte fan ‘ meditaasje yn beweging ’. By dizze dûns wurdst útnûge om oanwêzich te wêzen yn it hjir en no. Ek kombinearje wy dûns mei yoga.
Oer de Folkshegeskoalle
Nei de Twadde Wrâldoarloch ûntstiene der in tal folkshegeskoallen yn Nederlân.
Dit wiene sintra fan edukaasje en kultuer en se beane minsken mei ferskate eftergrûnen in plak om harsels te ûntwikkeljen. Tsjintwurdich is Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge noch de iennige folkshegeskoalle yn Nederlân. Minsken fan alle leeftiden binne wolkom.
Skylge is net allinnich in lokaasje foar ynspirearjende kursussen en workshops, mar ek in moai plak foar in fakânsje. Ek binne der alle jierren simmerkampen foar de jeugd fan Fryslân. Wat ús akkommodaasjes ekstra bysûnder makket, is dat se diels opboud binne op de bunkers fan de Atlantikwall út de Twadde Wrâldoarloch.
Al ús kursussen binne ynklusyf hearlike mielen mei lokale en farske yngrediïnten. Us koks riede elk gerjocht mei leafde ta. In hearlik plak om te ûntspannen, te learen en te genietsjen.