Ierske en Skotse lieten
Ierske en Skotse lieten sjonge
Ierlân en Skotlân hawwe in rike liet-tradysje. Oer bloedige histoarje, ferlerne leafdes, skelmske streken of moaie natuer. Betsjoenende meldijen, dreamerige akkoarden, weemoedige ferhalen, prachtige ballades. Wy leare de lieten fan it gehoar ôf, tekst of blêdmuzyk. Wy sjonge se mearstemmich, yn ferskate besettingen. Genietsje!
Foar dizze wurkwinkel is wat koarûnderfining winske en toanfêstheid in betingst. En bist in bytsje handich op in ynstrumint? Meinimme!
In wykein fol entûsjaste sjongwille ûnder lieding fan Jildou Talman.
Priis folpension 2024:
€ 308,- twapersoanskeamer Brêge,
€ 292,- twapersoanskeamer Roefke,
€ 270,- sliepseal Roefke.
Alinne: € 20 ekstra betelling per dei.