Kuierretraite Skylge
Midden yn de natuer fan Skylge is de Folkshegeskoalle, in oaze fan rêst en ynspiraasje dêr 't ûntspanning, persoanlike groei en sosjale ynteraksje gearkomme. By in kuierretraite op Skylge kinst it sels ris ûnderfine.
Kom op kuierretraite op Skylge
Altyd alris op retraite wollen? Kom dan ris nei Skylge om te ûntspannen, te learen en te genietsjen fan de natuer.
Kuierretraite Skylge
By ús kuierretraite komst ta rêst. De kuiers troch de natuer fan Skylge bringe je hielendal yn it hjir en no. De meditaasjes dy 't alle dagen dien wurde stypje dêr nochris oan by. In noflik momint om efkes de tiid foar dysels te nimmen en lekker út te waaien op it eilân. In midwike lang kuierje je alle dagen 8 oant 10 km troch de bosken, by de dunen del en oer it strân.
Kuierje en yoga
Foar wa 't neist it kuierjen graach ûntspanne wol by in yogales, kiest foar in wykein kuierje en yoga. Yn dit wykein ferkenne je de natuer fan it eilân en genietsje je fan in tal yogasesjes. Tegearre mei de rêst op ús terrein stappe je opladen op de boat werom nei hûs.
Oer de Folkshegeskoalle
Yn de neisleep fan de Twadde Wrâldoarloch waarden in tal folkshegeskoallen stichte nei in Deensk model. Dizze folkshegeskoallen wiene briedplakken fan kennis en kultuer en beane minsken fan alle leeftiden in kâns om harsels te ûntwikkeljen en har eigenheid te omearmjen. Hjoed-de-dei is Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge de lêst oerbleaune folkshegeskoalle yn Nederlân, dêr 't minsken fan ferskate eftergrûnen gearkomme.
Us lokaasje op Skylge fungearret net allinnich as lokaasje foar natuerkursussen en ferskate workshops, mar ek as in akkommodaasje foar fakânsjegongers. Dêrneist is it de perfekte lokaasje foar simmerkampen foar de jeugd fan Fryslân. It bysûndere oan ús akkommodaasjes is dat se foar in part opboud binne út de restanten fan de Atlantikwall, bunkers dy 't stammen út de Twadde Wrâldoarloch.
By de Folkshegeskoalle stiet in folslein fersoarge ferbliuw foar dy klear, ynklusyf hearlik iten mei farske yngrediïnten. Us koks toverje elk miel om yn in feestje.