Retraite Skylge
Wa 't op retraite wol nei in eilân, hoecht net perfoarst nei Ibiza. Kinst ek op retraite nei Skylge by de Folkshegeskoalle. Wy ûntfange dy graach op ús bysûndere plak, ferstoppe yn de bosken fan it eilân en tichteby de dunen. By ús fynst in plak foar moaie moetings, persoanlike ûntwikkeling en ûntspanning troch dûns, yoga of mindfulness wykeinen. Besjoch it oanbod:
Kom ta rêst op de Folkshegeskoalle
Wy hjitte dy fan herte wolkom by ien fan ús retraites op Skylge. Dêrnei stapst mei in ûntspande geast en in fol hert werom op ‘e boat.
Besinning en retraites op Skylge
Skylge is in noflik plak foar besinning en bysûndere retraites. Sagau 't je op de boat stappe, litte je thús alles even los. Ienkear oankaam by de Folkshegeskoalle komst noch mear ta rêst. Us lokaasje leit midden yn de bosken fan Hoarne oan de rêstige eastkant fan it eilân. Hjir hearst allinnich it rûzjen fan de beammen en azetst de frisse lucht yn. Fan de Folkshegeskoalle ôf kuierje je sa de dunen yn, mei de wyn troch it hier, litte je it lêste bytsje stress los.
Us retraites op Skylge helpe je dêr noch in bytsje mear by. Wy biede yoga wykeinen en wiken, mindfulness wykeinen, dûns en noch folle mear. De retraites binne ûnder begelieding fan professionals en se binne mei soarch gearstald. Sesjes fine plak yn ús rûne, ljochte Brêgeseal of op it terras der om hinne. Of sy wurde ferset nei de dunen en it strân.
Stilte retraite Skylge
In oantal fan de retraites binne hielendal yn stilte. It kin soms ûnwennich of útdaagjend wêze, mar ast dysels tastiest om yn dy stilte te sakjen, dan ûnderfynst wat krêftichs. Stilte biedt de mooglikheid om los te litten en inerlike rêst en tefredenheid te finen.
Oer de Folkshegeskoalle
Yn de neisleep fan de Twadde Wrâldoarloch ûntstiene der op ferskate plakken yn Nederlân folkshegeskoallen. Dy skoallen beaen (jonge) minsken in kâns om inoar te moetsjen, te groeien en harren kulturele identiteit te ûntdekken. Folkshegeskoalle Schylgeralân is de iennige folkshegeskoalle dy 't bestean bleaun is. No is it in plak dêr 't minsken fan alle leeftiden byinoar komme. Besinning fine se der ek yn muzyk, kreativiteit en bygelyks fûgelekskurzjes. Of yn in fakânsje yn ien fan ús apparteminten.
Us plak op Skylge is ek al jierrenlang in plak foar de jeugd fan Fryslân by de simmerkampen.
Hjir boartsje se tegearre bûten, sa 't de jeugd hjir altyd dien hat.
Wat ús akkommodaasjes yn’t lêst bysûnder makket, is dat se foar in part oplutsen binne út de fundaminten fan de Atlantikwall, bunkers dy 't datearje út de Twadde Wrâldoarloch. Ek bestiet elk ferbliuw út lichte mielen bereide mei lokale en farske yngrediïnten, dy 't mei leafde troch ús koks taret wurde.