

Simmerkampen op de Folkshegeskoalle
Al sûnt de jierren 50 en 60 waarden der allerhanne kampen organisearre op de Folkshegeskoale. Sa wiene der it Paaskamp, it jierslútingskamp, it simmerkamp, it stúdzjekamp en it keatskamp. It simmerkamp wurdt noch hieltyd alle simmers organisearre troch en foar de Fryske jeugd fan ferskillende leeftiden.
Wy sjogge dy graach dizze simmer
Us entûsjaste ploech lieding is alwer drok dwaande mei de tarieding fan de kampen foar kommende simmer. Se meitsje der graach mei-inoar in gesellige wike fan!
Kom op simmerkamp
Ek dit jier organisearje we wer trije ûnferjitlike Simmerkampen by de Folkshegeskoalle. De dielnimmers gean seis dagen lang op aventoer mei leeftiidsgenoaten op it moaie eilân Skylge, dat sil in geweldige ûnderfining wurde!
Yn de simmerkampen wurdt der fan alles organisearre. Tink oan speurtochten yn 'e bosk, it fertellen fan grappige ferhalen, libjend Stratego yn 'e dunen, jonges tsjin de famkes, in dinne-appel-race, gesellich kletse, sjips ite op bêd, besykje om de lieding wekker te hâlden (salang ast net betrape wurdst), en fansels de bûnte jûn fol mei wille en entertainment. De fiertaal fan de kampen is Frysk, in wichtich ûnderdiel fan de identiteit fan de Folkshegeskoalle.

Ekstra ynformaasje oer de Folkshegeskoalle
Nei de Twadde Wrâldoarloch waarden op ferskate plakken folkshegeskoallen oprjochte. Yn Nederlân binne alle folkshegeskoallen ferdwûn, útsein de Folkshegeskoalle Schylgeralân. Us folkshegeskoalle ferwolkommet minsken fan alle leeftiden en út alle hoeken fan Nederlân om gear te kommen, te groeien en inoar te moetsjen. Neist it ûntdekken fan kulturele identiteit biede wy ferskate workshops en kursussen oan, rjochte op muzyk, kreativiteit, natuer en besinning.
It regionale tinken hat wol altyd in wichtige rol spile. Fan it begjin ôf hat de Fryske identiteit prominint oanwêzich west. Dy identiteit diele wy graach mei oaren, dêrom organisearje wy neist Frysktalige simmerkampen foar de jeugd ek ferskillende kursussen Frysk.
In oar wichtich aspekt fan in ferbliuw op de Folkshegeskoalle is dat wy goed foar ús gasten soargje. Us eigen koks riede alle dagen mei leafde it iten klear. Dêrfoar brûke se in soad farske en lokale yngrediïnten. Sa hawwe de bern it hiele simmerkamp genôch enerzjy om mei-inoar te ravotten.