Simmerwike Byldhouwe
In bysûndere wike op in idyllysk plak
It bosk – en dúngebiet fan Skylge is in hast ûnNederlânske plak om te byldhouwen. By moai waar wurkje wy hearlik bûten tusken de beammen en oars hawwe wy in goed beskûl plak yn in iepen binnenromte.
Under begelieding fan ús dosint Joop Hollanders kinne sawol begjinnende as betûfte byldhouwers harren passy foar it byldhouwen útlibje. Do learst ferskate metoades kennen om oan ideeën en ynspiraasje te kommen. Begjinnende byldhouwers leare ûnderskate materialen, techniken en ark kennen. Gevorderden ferdjipje har kennis en kunde. Wolst dizze wike meibelibje? Jou dy op en nim leafst foar maaie kontakt op mei de dosint om op ‘e tiid de nedige tariedings te nimmen, lykas it oanskaffen fan in stien.
It programma
De start fan it programma is op sneintejûn nei it diner. Dat biedt gelegenheid om yn de rin fan de dei oan te kommen, inoar al ynformeel te treffen foar of ûnder it diner en jûns útein te setten mei it programma. Per dei kinst twa deidielen ûnder begelieding wurkje. Dêrneist is der yn oerlis, romte om it eilân te ferkennen. De sneontemoarns wurdt bestege oan it tarieden fan de einposysje dy ’t middeis plakfynt. Besjoch foar mear ynformaasje de webside.