Duorsumheid en MFU

Duorsumheid, MFU en ekotoerisme op de Folkshegeskoalle

 

Maatskiplik ferantwurde ûndernimme (mfu) en ekotoerisme binne begrippen dy’t hân yn hân gean op de Folkshegeskoalle. Wy steane foar lytskalich toersime mei respekt foar de omjouwing en it miljeu.

Wy fine it wichtich dat ek takomstige generaasjes genietsje kinne fan ús prachtige natuer en omjouwing. Dêrom besykje wy ús organisaasje hyltyd ‘griener’ te meitsjen. Dêrby stimulearje wy mei ús aktiviteiten de pleatslike ekonomy. Dat binne krek de punten wêrmei wy sûnt 2010 foldogge oan it miljeukeurmerk foar it Eurpeesk Sintrum foar Eko en Agro Toerisma. (ECEAT)

Keurmerk

Yn it ECEAT  is in tsiental miljeukeurmerken feriene. De oansletten akkommodaasje-hâlders steane yn de ‘Groene Vakantiegids‘. Belangryk doel fan ECEAT is dat yn Europeeske toeristyske gebieten it miljeu, de natuer , it lânskip en de tradysjoniele kultier beskerme wurde. De Folkshegeskoalle draacht dêr graach oan by. Wy dogge dat troch:

Dizze list is net folslein en wy wurkje der hyltyd fierder oan om fierder te ferduorsemjen.

Learbedriuw

De Folkshegeskoalle is in erkind learbedriuw foar it MBU. Yn in learbedriuw meitsje de learlingen kennis mei de praktyk en leare se wat der fan har ferwachte wurdt. In saakkundich praktykoplieder op de Folkshegeskoalle soarget foar de begelieding fan de learling.