Groepsferbliuw – It Roefke

Do útfanhûzest foardielich en sfearfol yn in keamer of sliepseal, ynrjochte foar 2 oant 14 persoanen. Alle sliepsealen  hawwe in eigen douche en toilet. Bêdlinnen en handoeken meist meinimme, mar binne ek te hier.

It Roefke is as groepsakkomodaasje geskikt foar skoalreizen, kursussen, bedriuwsútstapkes, wurkwiken en famylje- en freonegroepen. Yn totaal kinne 80 persoanen oernachtsje yn It Roefke.