Oernachtsje

Op de Folkshegeskoalle kinst oernachtsje yn ien fan ús apparteminten, twapersoanskeamers of de sliepkeamers yn it groepsferbliuw. Us apparteminten biede twa twapersoanskeamers en binne geskikt foar yndividuele gasten of minsken dy’t mei in groep komme. Us sliepkeamers en sliepsealen binne ynrjochte foar 2 oant 14 persoanen en biede groepsakkommodaasje oan groepen oant 100 persoanen.

De gebouwen lizze ferspraat oer ús romme ôfrinnende terrein, as it wiere opnommen yn de dunen. Se binne ûntwurpen troch arsjitekt Gunnar Daan yn in freonlike, Skandinavyske styl en hawwe elk in eigen karakter. De fûneminten fan ús gebouwen binne bunkers út de Twadde Wrâldoarloch. Dy binne no noch yn gebrûk as sliepseal of appartemint en ek de ytseal fynst yn in bunker.