Overnachten

OvernachtingVoor groepen

Oernachtsje op Skylge 

Wolst oernachtsje op Skylge? Kies foar in ferbliuw op de unike lokaasje fan de Folkshegeskoalle. De Folkshegeskoalle leit ferstoppe yn de bosken fan Hoarne op de restanten fan bunkers fan de Atlantikwall. De lokaasje is in oaze fan rêst fanút wêr 't de rest fan it eilân ûntdutsen wurde kin. Op it terrein binne tal fan mooglikheden foar in oernachting, fan apparteminten oant smûke keamers.

Oer de Folkshegeskoalle

De Folkshegeskoalle foarmet in sintrum fan moeting, besinning en kultuer op Skylge.

Do bist fan herte wolkom om hjir te genietsjen, middenmank de bosk en flakby it strân.

Oft je no allinnich binne, mei selskip of as ûnderdiel fan in groep, wy biede ferskate ferbliuwsmooglikheden oan: fan smûke boskamers en komfortabele apparteminten oant Studio de Toer en ús groepsakkommodaasjes.

Neist priveeromtes en mooglikheden om te oernachtsjen op Skylge yn in fakânsje of wykein fuort, biede wy romte foar groepen oant 100 persoanen. Ek binne der ferskate sealen foar kursussen, rekreaasje of gearkomsten, dy 't brûkt wurde by kreative en ynspirearjende kursussen en workshops, lykas groeps- en skoalreizen. Us Fryske eftergrûn komt ta utering yn kursussen Fryske taal en kultuer dy 't wy oanbiede.

De Folkshegeskoalle ûnderskiedt him troch har lytsskaligens en mearsidichheid. Us mielen binne smaaklik en wurde makke mei farske yngrediïnten. De akkommodaasjes binne op in freonlike Skandinavyske wize boud op de fûneminten fan eardere bunkers en binne op in prachtige lokaasje tichtby it wrâlderfguod Waadsee. Dêrneist sette wy stappen rjochting in skjinner miljeu, bygelyks troch ús moarnsiten safolle mooglik plestikfrij oan te bieden!


Wy hjitte dy graach fan herte wolkom 

Wolst oernachtsje op Skylge? Wy hjitte dy graach fan herte wolkom op de Folkshegeskoalle. Wolst graach mear ynformaasje oer de ferskillende mooglikheden? Nim dan kontakt mei ús op.