
Folkshegeskoalle
De Folkshegeskoalle is in sintrum fan moetsjen, besinning en kultuer.
Bist fan herte wolkom om hjir te genietsjen. Allinne, tegearre of mei in groep. Yn alle gefallen hawwe we in geskikt sliepplak foar dy. De Folkshegeskoalle is boud op de funeminten fan bunkers út de Twadde Wrâldoarloch, yn in freonlike Skandinavyske styl. We biede groepsakkommodaasje oant en mei 100 minsken.
Neist ús eigen aktiviteiten, biede we plak oan in soad oare kursussen, wurkwinkels en skoalreizen. Us Fryske woartels binne sichtber bygelyks yn de Fryske taal en skriuwkursussen, de Simmerkampen en Kom & Sjong.
Us iten smakket hearlik en wurdt makke mei farske yngrediïnten.
Histoarje
Wat is Folkshegeskoalle Schylgeralân Dielnimmers oan it earste kamp yn 1946 De Folkshegeskoalle bestiet sûnt 1948. Al mear as santich jier komme minsken hjir om har identiteit te belibjen, elkoar te moetsjen en har te ûntjaan. Nei de Twadde Wrâldoarloch waarden rûnom yn Nederlân Folkshegeskoallen oprjochte út it besef wei: elk hat syn eigen wearde,... Read more »
Lês mearKontakt
Mei de feartsjinst fan rederij Doeksen farst yn twa oeren fan Harns nei Skylge. De sneltsjinst docht it yn trije kertier. By de haven yn Harns kinst de auto delsette. De trein fan Harns slút oan op de feartsjinst. Oankaam op it eilân stiet de bus klear om dy nei Hoarne te bringen. Kinst ek... Read more »
Lês mear