Groepen en bedriuwen

De Folkshegeskoalle is in superlokaasje foar groepen en bedriuwen. It plak is unyk, yn de bosk, flakby see en dúngebiet. In bêste keuken en in hiel eilân ta dyn foldwaan mei alle mooglike foarmen fan ferdivedaasje en ûntspanning. Wy tinke graach mei dy mei oer de mooglikheden. Hynsteride, kuierje, fytse, in ekskurzje nei de bunkers, dyn eigen iten sykje op it Waad of in spannende reflektortocht yn it tsjuster troch de bosk, ynspiraasje genôch.

Groepen

Bist fan herte wolkom foar in famylje- of freone-útstapke. Ek foar brulloften hawwe we alles om der in prachtfeest fan te meitsjen. De kombinaasje fan ús ferskate soarten keamers en sealen, fasiliteiten foar binnen en bûten biede foar alle groepen, fan fuotbalkamp oant jierdeisbuorrel it júste plak. Yn ús rekreaasjeseal It Bopperom fynst bygelyks in iepen hurd, piano, bar, tv en in lûdsynstallaasje.

Skoallen

Op skoalkamp nei Skylge! By it strân fan Hoarne op Skylge leit in ideale lokaasje: de Folkshegeskoalle Schylgeralân. Op ús terrein tusken bosk en dún lizze meardere gebouwen mei yn totaal 100 sliepplakken. Fan twa- en fjouwerpersoanskeamers oant grutte sliepsealen. Foar skoalgroepen is in grutte rekreaasjeseal en groepsromte beskikber. En der is fansels de romte fan it eilân.

Spesjaal foar skoallen hawwe wy komplete arranzjeminten gearstald, ynklusyf oernachting, iten en aktiviteiten.

Bedriuwen

foar in bedriuwsútstapke fynst hjir in fantastyske bestimming. Mar ek foar in brainstoarm of in training komme bedriuwen hjir graach. De Brêge lient him dêr tige goed foar, dêr sitte rêst en besinning al fan natuere yn it gebou.

Nim allinnich al de ljochte, rûne konferinsjeromte De Brêgeseal, mei in grut terras deromhinne. De seal is foarsjoen fan ferskate audiofisuele middels. Dêr kinne jo wurkje sûnder steurd te wurden. As jo wolle kinne we jo yn kontakt bringe mei in deifoarsitter of betûft trainer.

Oare bedriuwen of ynstellings komme hjir foar teambuilding of foar in bedriuwsreis. Behalve yn De Brêge kinne jo ek oernachtsje yn it sportivere ferbliuw It Roefke mei sliepsealen en -sealtsjes. Wy dogge jo dêr graach in tal suggestjes en programma-ideeën foar oan de hân.

Reserveren

Wilt u een reservering maken voor een zaal, kamer, studio, appartement of slaapzaal? Vraag naar de beschikbaarheid via 0562-448954 of gebruik onderstaand formulier voor een reserveringsaanvraag. Wij nemen dan contact met u op.