Histoarje

Wat is Folkshegeskoalle Schylgeralân


Dielnimmers oan it earste kamp yn 1946

De Folkshegeskoalle bestiet sûnt 1948. Al mear as santich jier komme minsken hjir om har identiteit te belibjen, elkoar te moetsjen en har te ûntjaan. Nei de Twadde Wrâldoarloch waarden rûnom yn Nederlân Folkshegeskoallen oprjochte út it besef wei: elk hat syn eigen wearde, lit der respekt wêze. Lit ús wurkje oan in oare, bettere wrâld. De Folkshegeskoalle Schylgeralân is altyd ûnôfhinklik bleaun fan subsydzje en is no noch de iennige en lêste folkshegeskoalle fan Nederlân.

Hjoed-de-dei komme jo hjir om even hielendal ta josels te kommen, yn alle rêst it kontakt te belibjen mei jo kreativiteit, de natuer, oaren. Yn wêzen is der net safolle feroare.

It boek ‘De Volkshogeschool in Nederland 1925 – 2010’ (Maarten van der Linde en Johan Frieswijk), giet oer de ûntjouwing fan de folkshegeskoallen yn Nederlân.

De iere jierren


Ien fan de bunkers

Al foar de oarloch wiene der ferskate Fryske kursussen op Allardsoog. En der wiene goede kontakten tusken de lettere direkteur fan Schylgeralân, Halbe Doele en de ynspirator fan Allardsoog, Jarich van der Wielen. Dat hat sûnder mis bydroegen ta de ûntjouwing fan de Folkshegeskoalle op Skylge.

Dat jilde ek foar it earste nei-oarlochske kamp fan it Boun fan Nasjonale Fryske Jongerein, dat yn 1946 hâlden waard yn de Wierskún op Skylge, by Easterein. Der diene mear as 100 jonge minsken oan mei, it wie in grut sukses. Dat kamp wie in foarboade fan de noch op te rjochtsjen Folkshegeskoalle. In pear jier letter, doe’t nei bettere húsfêsting socht waard, fûn Gryt Doele, de frou fan de earste direkteur fan Schylgeralân de samling bunkers op it plak fan de hjoeddeiske Folkshegeskoalle.


Dielnemers nei-oarlochskamp

Dy delsetting mei sjittoer wie in ûnderdiel fan de ‘Atlantikwal’. De bunkers wiene nei de oarloch leech helle, der wie gjin wetter, elektrisiteit of kezyn mear te bekennen.

De yntusken oprjochte Stichting Schylgeralân koe it kompleks yn 1948 keapje fan it Ryk, nei oerlis mei it buro ‘Oorlogsbuit’ dat ressortearre ûnder it Ministearje fan Finânsjes. De keapsom wie 500 gûne. Stichting Schylgeralân hie as doel it stichtsjen en yn stân hâlden fan in sintrum foar Frysk kultureel wurk. Schylgeralân wie in moetingsplak foar jongerein. It earste besykjen om Frysk te propagandearjen op Skylge foel net altyd yn goede ierde. In protte frijwilligers brochten de bunkers wer yn bewenbere steat en sa waard it kompleks geskikt makke foar kursuswurk.

By de yngong nei de ytseal stiet de geweldich grutte ‘itensiederspot’ fan doe. Der steane no planten yn. Dy itensiederspot bringt de begjintiid fan ein fjirtiger jierren yn ’t sin, doe’t de pioniers sawat sûnder foarsjenningen it iten klear makken foar de hurde wurkers en wurksters.

Werom yn de tiid


Halbe Doele, de earste direkteur fan Schylgeralân

De earste folkshegeskoalle yn Nederlân, Allardsoog, hie as doel in bydrage te leverjen oan de fernijing fan de folkskultuer en it fersterkjen fan de folksmienskip. Under de Twadde Wrâldoarloch kaam it folkshegeskoalle-wurk sawat stil te lizzen, mar nei de oarloch hiene se it tij mei. Der wie ferlet fan moeting en ûntjouwing. Guon folkshegeskoallen binne net tafallich koart nei de oarloch oprjochte. Fan it begjin ôf oerhearske it regionale tinken yn de folkshegeskoallen, wat dat oanbelanget past Folkshegeskoalle Schylgeralân goed yn dy tradysje. De Nederlânske folkshegeskoallen binne op har beurt ynspirearre troch de Skandinavyske tradysje. “De Volkshogescholen-gedachte is afkomstig van de Deense schrijver en predikant Grundtvig (1783-1872), die zich afzette tegen het opkomend rationalisme, liberalisme, materialisme en verstedelijking. (…) Pas rond 1930 vond deze gedachte ingang in Nederland, vooral als gevolg van de massale werkloosheid en klassetegenstellingen.” (Mr. C. Stapel, Bakkeveen 1999). Noch hieltyd riede Skandinavyske folkshegeskoallen jongerein ta op de maatskippij, oanslutend op in ferfolchstúdzje.

De fyftiger, sechstiger en santiger jierren


Frijwilligers brochten de bunkers yn bewenbere steat

Yn de fyftiger en sechstiger jierren waarden in soad ‘kampen’ hâlden: it Peaskekamp, it jierslutingskamp, it simmerkamp, it stúdzjekamp, it keatskamp. In protte pommeranten út de Fryske beweging diene geregeld mei oan dy kampen. Wy neame hjir: Jan Piebenga, haadredakteur fan de Ljouwerter Krante, skriuwer Fedde Schurer, dichter D.A. Tamminga, de lettere prof. Fryske taal- en letterkunde Tony Feitsma, Anne Vondeling, de bekende PvdA politikus en noch in hiel soad oaren. Fan mids santiger jierren ôf waarden jierrenlang Fryske toanielwiken hâlden op de Folkshegeskoalle.

Der besteane noch hieltyd Simmerkampen op De Folkshegeskoalle, simmerwiken foar bern fan 9 oant 15 jier. De earste direkteur Halbe Doele waard yn 1962 opfolge troch Betze Stienstra. Hy joech op tige goede wize lieding oan Folkshegeskoalle Schylgeralân oant 1995.

Arsjitektuer


Keninginne Beatrix iepenet De Brêge

Yn de santiger en tachtiger jierren is de Folkshegeskoalle útwreide. De bekende arsjitekt Gunnar Daan hat de hjoeddeiske Skandinavysk oandwaande gebouwen ûntwurpen dy’t op de fûneminten fan de bunkers boud waarden. De natuerlike lizzing fan de Folkshegeskoalle komt dêrtroch goed ta syn rjocht. Yn 1987 is it lêste gebou De Brêge derby boud: it is om in dún hinne boud, mei alve keamers en op de boppeferdjipping in rûne, ljochte konferinsjeseal. Keninginne Beatrix hat De Brêge iepene.

Fan twa nei ien

Organisatoarysk hat der lang sprake west fan twa stichtingen: Stichting Schylgeralân dy’t de gebouwen yn besit hie en de befreone Stichting Folkshegeskoalle dy’t in protte aktiviteiten organisearre. Gearwurking tusken beide stichtingen kaam sa faak foar dat de fúzje yn 1987 de útkomst wie fan in natuerlik proses. Dy yntegraasje waard offisjeel mei it nije stichtingsstatút út 1991.

Ûnôfhinklik en iepen

Fan it begjin ôf hat Folkshegeskoalle Schylgeralân derfoar keazen om as stichting gjin strukturele subsydzje te ûntfangen. Doetiidske bestjoerders hawwe wat dat oanbelanget nea yn it helter fan oerheidsubsydzjes rinne wollen. De folkshegeskoallen dy’t wol subsidiearre waarden, krigen om 1990 hinne alderhande fúzjes en reorganisaasjes oer har hinne en hellen it faak net. Nei alle gedachten is dy selsstannichheid fan it earste begjin ôf de oarsaak dat Folkshegeskoalle Schylgeralân no de iennige folkshegeskoalle is dy’t noch bestiet.

De Folkshegeskoalle hat in Fryske identiteit. Dat uteret him ûnder oaren yn it organisearjen fan kursussen op it mêd fan Fryske taal en kultuer. Dêrneist is it lytsskalige karakter fan de regio, it mienskipsgefoel fan de Folkshegeskoalle, krekt wat ús ûnderskiedt fan in gemiddelde oare akkommodaasje. Ek lokale en regionale folkskultuer spylje noch altyd in grutte rol. Sa jouwe de eilanner folksdûnsers har simmerdemonstraasjes yn it iepenloftteäter De Rondte.

Fan 2000 oant 2014


Klaske Jaspers

Direksjes nei 1995: Betze Stienstra waard yn 1995 opfolge troch Jantsje Sikma, sy is yn 1998 opfolge troch Atze en Ruth Zuiderveld. Yn 2000 is Klaske Jaspers-Hazenberg ta direkteur beneamd, sy wie dat oant july 2014.
Sûnt 2000 is it tal kursussen en workshops útwreide fan 20 nei goed 30 programma’s. De kursussen en workshops binne no yndield yn fjouwer kategoryen: kreative kursussen, natuer, meditaasje/besinning en Fryske taal/kultuer. Yn dizze perioade is de Folkshegeskoalle groeid wat omset en besikersoantal oangiet. De akkommodaasje is fernijd; de twapersoanskeamers en de twa apparteminten binne alhiel renovearre. De Folkshegeskoalle komt mear nei bûten as foarhinne.

In wichtige line is de taal. Mei it each op de ûntjouwingen yn Fryslân en dêrbûten is de Folkshegeskoalle in twatalige ynstelling wurden. Sa hinget yn alle keamers in Frysk of Nederlânsk gedicht, altyd mei in oersetting. Der binne ferskate literêre programma’s organisearre op de Folkshegeskoalle. Ek is oan skriuwers in plak bean om hjir yn alle rêst skriuwe te kinnen. De folgjende skriuwers hawwe op de Folkshegeskoalle oernachte en út eigen wurk foarlêzen: û.o. Tsjêbbe Hettinga, Rutger Kopland, Albertina Soepboer, Hagar Peeters, Abdelkader Benali, Hylke Speerstra, Atte Jongstra, Neeltje Maria Min en Abe de Vries.


De Putsjeploech fan 2006

Yn de fernijing is de oarsprong fan de Folkshegeskoalle bewarre bleaun. Jongerein komt folop nei de Fryske Simmerkampen, Freonen stypje harren Folkshegeskoalle as fanâlds en frijwilligers soargje foar de putsjewike yn maart.
Oant 2000 bestie de marketing foar in grut part út mûle-op-mûle reklame. Sûnt 2001 hat de Folkshegeskoalle ynset op it winnen fan besikers fia ynternet: û.o. in aloan groeiende webside, panoramebylden fan it terrein, nijsbrieven, doelgroepmarketing, Facebook ensafuorthinne.

Fan 2010 ôf is stevich ynset op it duorsum en grien meitsjen fan de Folkshegeskoalle. Dat past by de unike lizzing yn de Hoarnske bosk, tusken natuergebiet de Koegelwieck en de Boschplaat yn.

Direkteuren fanôf 2014

Yn 2014 hat it bestjoer fan de Stichting Fryske Folkshegeskoalle Schylgeralân Amarins Geveke beneamd ta de nije direkteur fan de Folkshegeskoalle. Sy is yn july 2020 opfolge troch Jacqueline Spendel. Mei yngong fan oktober 2023 is Akkie Feenstra beneamd as direkteur.

Dokumintêres Folkshegeskoalle

Simmer yn Fryslân 2010: op 19 augustus 2010 is in programma útstjoerd oer de Folkshegeskoalle. De presintator sjocht by in stiltegroep en ek by in groep bern op simmerkamp. De alsidichheid fan de Folkshegeskoalle komt ek ta utering troch it toanen fan de ferskate soarten akkommodaasjes dy’t de Folkshegeskoalle biedt.

Sjoch hjir de dokumintêre fan Omrop Fryslân