De Fryske Folkshegeskoalle Schylgeralân, koartwei Folkshegeskoalle, is in stichting mei in aktyf bestjoer. It stichtingsbestjoer stelt de útgongspunten fan it belied fêst. De deistige lieding oer de Folkshegeskoalle is yn hannen fan de direkteur dy’t dêroer ferantwurding ôfleit oan it bestjoer.
It bestjoer fan de Folkshegeskoalle is as folget gearstald:
- Jitske de Hoop, Feanwâlden (foarsitter)
- Mirjam Hermanides, Ryptsjerk (skriuwer)
- Durk Durksz (ponghâlder)
- Frâns van der Heide, Ljouwert
- Annelies van der Goot, Ljouwert
Direkteur fan de Folkshegeskoalle:
- Jacqueline Spendel, Hoarne (Skylge)