Fjoertoer arrangement 2025
Nu te boeken! Fjoertoer arrangement inclusief deelnamebewijs
it meast (ûnt)spannende plakje fan Skylge. kom ta rêst yn ús boskrike omjouwing flakby it strân.
Fanâlds is de Folkshegeskoalle in sintrum fan elkoar tsjinkomme, besinnen en kultuer. En dat is it noch altyd. Jo binne fan herten wolkom om hjir te genietsjen. Allinich, tegearre of mei in groep: yn dat gefal ferbliuwe jo yn ús groepsakkommodaasje. Wy biede groepsakkommodaaasje foar groepen oant 100 man en dêrneist apparteminten. De Folkshegeskoalle biedt ûnderdak oan san 35 kursussen en aktiviteiten. Sjoch dêrfoar by it cursusoverzicht. Us Fryske roots binne noch sichtber oanwêzich, lykas yn kursussen oer de Fryske taal en kultuer. Us iten is ljocht en smaaklik, makke mei farske yngrediïnten. Neist it edukative oanbod, is de Folkshegeskoalle it perfekte plak foar in skoallereis, famylje- of bedriuwsútstapkes of gewoan in lekkere fakânsje. Besjoch de mooglikheden.
De Folkshegeskoalle Skylgeralân fersoarget en organisearret kursussen oer meardere dagen en stelt fasiliteiten beskikber foar aktiviteiten dy’t in edukatyf of (sosjaal-)kultureel karakter hawwe. Dêrby hawwe kurussen en aktiviteiten dy’t Fryslân en de Fryske taal en kultuer betreffe. De Folkshegeskoalle is in trefpunt midden yn de natoer mei woartels yn de Fryske mienskip.
Nei de twadde Wrâldoarloch waarden oeral yn Nederlân Folkshegeskoallen oprjochte. Op de folkshegeskoallen koene (jonge) minsken inoar moetsje, har ûntwikkelje en de eigen kultuer en identiteit belibje. De Folkshegeskoalle Schylgeralân is der as iennichste er noch. En hjoed-de-dei komme minsken hjir fan alle leeftiden, fan 8 oant 80 jier. Hiele folksstammen (Fryske) jongeren en folwoeksenen hawwe hjir inoar yntusken moete, genoaten fan de aktiviteiten en ynspiraasje opdien. Lês hjir mear oer de skiednis.
De Fryske Folkshegeskoalle Schylgeralân, koartwei Folkshegeskoalle, is in stichting mei in aktyf bestjoer. It stichtingsbestjoer stelt de útgongspunten fan it belied fêst. De deistige lieding oer de Folkshegeskoalle is yn hannen fan de direkteur dy’t dêroer ferantwurding ôfleit oan it bestjoer.
Direkteur fan de Folkshegeskoalle:
Akkie Feenstra
It bestjoer fan de Folkshegeskoalle is as folget gearstald:
Jitske de Hoop (foarsitter)
Ydwine Scarse (sekretaris)
Durk Durksz (ponghâlder)
Frâns van der Heide
Marleen Nagtegaal
Hielke van Duuren
Op koarte ôfstânfan it Noardseestrân en it wrâlderfguod Waadsee, leit de Folkshegeskoalle op in sintraal plak op Skylge, yn it Hoarnske bosk. De akkommodaasje is boud op de fûneminten fan de Atlantikwall, bunkers út de Twadde Wrâldoarloch.Dy bunkers hawwe no in funksje as sliepkeamer of ytseal.Tusken de lytsere munysjebunkers op it hiem fan de Folkshegeskoalle fynst no it iepenloftspul De Rondte. De oare gebouwen fan de akkommodaasje binne yn freonlike Skandinavyske styl oanlein en ûntwurpen troch de bekende Fryske arsjitekt Gunar Daan (1939 -2016 ).