Help mee in de Putsjeploech!
Putsjeploech Schylgeralân siket minsken!
Al sûnt it begjin fan Folkshegeskoalle Schylgeralân (FHS) op de bunkers yn “it Hoornse bos” op Skylge binne frijwilligers ûnmisber. Troch de jierren hinne hawwe sy de folkshegeskoalle mei stâl jûn mei harren hân- en holle-wurk. Dat is no, nei 75 jier, noch altyd sa. Ien fan de groepen frijwilligers dy’t in wichtige rol spilet is de putsjeploech. Sy helpe mei it ûnderhâldswurk oan de gebouwen en it terrein. Foar dy ploech sykje wy nije helpers!
De putsjeploech
De putsjeploech bestiet no út sa’n 20 oant 25 minsken dy’t jierliks yn de “putsjewike” op Skylge komme. Soms ek noch wat ekstra dagen. Der wurdt dan ûnderhâldswurk dien, mar ek (fer)nijbou geane se net út ‘e wei. In tal fakminsken mei kennis fan saken, mar ek oare handige manlju en froulju soargje derfoar dat it wurk op ferantwurde wize dien wurdt. It is in groep minsken dy’t de doelstellingen fan de FHS in waarm hert tadraacht.
En wat is der moaier dan om op sa’n histoarysk plak midden yn de bosk te wurkjen? Mei om je hinne in gesellige ploech (meast wat âldere) manlju en froulju. Dêr komt by dat je it goed fan iten en drinken ha en dat makke kosten fergoede wurde.
Is de putsjeploech ek wat foar jo?
Liket it jo ek wat ta om de hannen út de mouwen te stekken op sa’n moai plak op Skylge? Dan is de putsjeploech miskien wol wat foar jo! Wy sykje nije frijwilligers foar ús freonen ploech.
Fiele jo der wat foar om yn maart in wike lang mei te gean nei Skylge, om dêr mei ús te wurkjen oan it ûnderhâld fan de tereinen en gebouwen fan de FHS? Nim dan kontakt op mei ien fan ûnderskreaunen! It is noflik as jo fakkennis ha op it mêd fan boukundige saken, lykas timmer-, skilder-, elektrysk-, sanitêr- en/of oar wurk, mar it is gjin needsaak. As jo hannen mar goed stean, sizze wy altiten. Ek pearen binne tige wolkom, op it stuit binne dat der 8, mar we ha der graach guon by. Fansels is it net sa dat allinnich a.o.w.ers wolkom binne. Jongere minsken dy’t noch folop yn it wurk sitte, mar wolris in wike wat oars wolle, binne ek tige wolkom. Want wat is der moaier as je hannen wapperje te litten op dit bysûndere plak? It kostet jo gjin sint en we stean garant foar in moaie wike mei allegearre gesellige minsken om jo hinne. Neist it wurk oerdei is der fansels ek romte foar in (jûns)kuier troch de bosk, de dunen of nei it strân. En, net ûnbelangryk, gesellich meiïnoar gearsitte mei in hapke en in drankje yn it Bopperom. Jo binne wolkom!